Mear as tûzen minsken by fjoer yn Elslo: sa sjocht dat der út

Mear as tûzen minsken hawwe op Peaskesnein yn Elslo sjoen hoe't de peaskebult yn brân stutsen waard troch de organisearjende Vesuviusklup.
It is de grutste bult dy't ea yn Elslo baarnd hat. Troch it coronafirus koe de tradysje de ôfrûne twa jier net trochgean. Dêrtroch bestiet de bult út túnôffal dat trije jier lang ynsammele is.
Neffens in skatting fan in fotograaf soene der op syn minst sa'n 1500 minsken by west ha doe't de bulte fan sa'n 20 meter heech oanstutsen waard. Guon hiene der in kopke kofje by, oaren hiene bier of in hamburger.

Alde tradysje

De organisearjende Vesuviusclub hie foar it earst in apart parkearplak ynrjochte foar de besikers dy't út hiel Fryslân en ek wol fan dêrbûten kamen. De Stellingwarvers wolle de âlde tradysje fan it peaskefjoer net heal kwyt. It peaskefjoer jildt as it begjin fan de maaitiid en doarpsfeesten.

Miljeu

Dat der ek fanwege de miljeubelesting fraachtekens set wurde by de tradysje fynt Thom Eggen fan de organisearjende Vesuviusclub Elslo net terjochte. "Het milieuprobleem oplossen moeten we in Nederland met elkaar doen. Het probleem zit niet in een paasbultje."
Mear as tûzen minsken by fjoer yn Elslo: sa sjocht dat der út
Harkje nei ús reportaazje oer it Peaskefjoer