Even gjin treinen tusken Ljouwert en Snits troch steuring yn wiksel
Der rieden sneintejûn gjin treinen tusken Ljouwert en Snits. Dat meldt ferfiersbedriuw Arriva. Om njoggen oere hinne wie de steuring wer ferholpen.
Der soe sprake west ha fan in wikselsteuring op it trajekt. Passazjiers moaste rekken hâlde mei ekstra reistiid fan mear as in oere. Arriva sette bussen yn.