Waarman warskôget foar 'deksel' op peaskefjurren: smoargens kin net fuort

Peaskefjurren kinne oant en mei moandei soargje foar smog troch fynstof en houtreek. Dat meldt it sûnensynstitút RIVM.
© ANP
Neffens waarman Jan Jonkman ha we yn Fryslân ek lêst fan de reek fan fjurren dy't yn de Achterhoek of yn Dútslân baarne. De wyn komt út súdeastlike rjochtingen.
Jonkman wiist derop dat de temperatuer yn de boppeloft heger is as normaal. Dat kin foar problemen soargje, seit er.

'Asof der in deksel op sit'

"Normaal giet de temperatuer mei de hichte omleech, mar no giet er omheech. We ha hjir in hegedrukgebiet. Dêrtroch kin de smoargens net nei de hegere luchtlagen ta."
Smoargens bliuwt dus hingjen, seit Jonkman. "Asof der in deksel op sit."
Dit is it fjoer yn Aldeholtpea:
Neffens it RIVM kin de luchtkwaliteit yn grutte dielen fan it lân min wêze. It ynstitút advisearret om it hiele wykein gjin houtkachels te stoken.
By it ferbaarnen fan hout komme skeadlike stoffen frij, meldt it RIVM, lykas fynstof, benzeen en koalmonokside. Dy kinne allerlei neidielige effekten ha, benammen foar minsken dy't al problemen ha mei de luchtwegen. Dizze minsken krije troch de smoarge lucht earder klachten, en kinne har dit wykein better net te bot ynspanne as se bûten binne.