Lilkens oer 'onwil' by bernetaslagge-skandaal: "Dit is terreur"

Slachtoffers fan de bernetaslagge-affêre stappe nei de rjochter, om in fergoeding te easkjen foar 'ymmateriële skea'.
Marielle Nijland © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Ien fan de slachtofffers is Mariëlle Nijland fan De Westereen. Neffens har is de skeafergoeding dy't tasein is net heech genôch. Dat giet om 2,73 euro de dei, seit se.
"Dat is een lachertje. Als je onterecht in de gevangenis hebt gezeten is het 80 euro per dag. Dan heb je een dak boven je hoofd gehad en drie keer per dag een maaltijd. Wij hadden helemaal niks."
Mei sân minsken daget se it regear no foar de rjochter om in hegere fergoeding ôf te twingen. De daging wurdt nije wike nei de minister fan Finânsjen stjoerd.
Mariëlle Nijland brûkt grutte wurden yn it radioprogramma Buro de Vries
Nijland is lilk. "De kindertoeslagaffaire is geen affaire, maar een schandaal. De afwikkeling is terreur." Se seit dat der sprake is fan 'politieke onwil' om de saak goed ôf te hanneljen. Der wurde hieltyd wer nije regels en wetten betocht, en dat fertraget de saak, seit se.
De Fryske steatssekretaris Aukje de Vries hat dizze affêre no yn har portefúlje. Nijland is net bot oer har te sprekken. "Ze praat vooral met slachtoffers, maar daden zijn er niet."

Tsien rapporten

Der is no it tsiende fuortgongsrapport, mar de saak sjit net op sei Marielle Nijland. "Het is klaar, we stappen naar de rechter."
"Volgende week ploft de dagvaarding bij Sigrid Kaag op de mat."