Auto fljocht oer krusing Arum: op 'e kop yn de greide, bestjoerder slim ferwûne

In bestjoerder is slim ferwûne rekke yn Arum. In pick-up truck fleach rjocht oer in krusing en waard oer in sleat hinne lansearre. De auto kaam tsientallen meters fierder, op de kop yn 'e greide telâne.
De auto is in flink ein trochsketten © CAMJO media
It gie om in iensidich ûngelok yn de nacht fan sneon op snein, op de krusing fan de Sytzamawei en de Monnikenwei. De wein kaam út de rjochting fan Achlum wei.

Bestjoerder beknypt

Omstanners hawwe fuortendaalks earste help ferliend. Ambulânse, brânwacht en plysje waarden oproppen foar it ûngelok en ek in mobyl medysk team kaam op it plak.
Sa lei de auto der by © CAMJO media
De brânwacht moast it slachtoffer út de auto helje. De bestjoerder is slim ferwûne nei it sikehûs oerbrocht.