FryslânDOK oer wenningneed: Hillige Húskes

De Fryske wenningmerk kreaket yn syn foegen. De huzen op it plattelân binne faak makliker te beteljen troch minsken út de Rânestêd as troch de Friezen sels. Hoe krije se wer grip op harren eigen wensituaasje?
FryslânDOK ûndersiket it yn de searje 'Hillige Húskes'. Diel 1 is te sjen op 16 april bij NPO2, op 17 april by Omrop Fryslân en no online:
De wenningprizen binne yn Fryslân minder eksorbitant as yn de Rânestêd, mar geane relatyf like hurd omheech. Dêrnjonken hat Fryslân te krijen mei de druk fan minsken fan oare plakken yn it lân dy't hjir in hûs bemachtigje wolle, al as net as twadde wente. Dat driuwt de prizen op en liedt ta leechstân.
Heech: in plak dêr't in protte hûzen tsjinje as twadde wente © Omrop Fryslân
It wettersportdoarp Heech is in foarbyld dêr't huzen in grut part fan it jier net bewenne wurde, wylst jongeren út de buert gjin skyn fan kâns hawwe. De doarpsbewenners rinne kear op kear tsjin in muorre oan, foaral fan ynvestearders mei oare belangen.
Nijbou yn Heech © Omrop Fryslân
Yn 'Hillige Húskes' ûndersykje programmamakkers Johanna Brinkman en Bart Kingma hoe't Fryslân yn dizze situaasje terjochte kommen is en wat de gefolgen binne.
Hokker groepen fiele de pine it meast? It binne foaral de starters en de jongeren. Huzebesitters ûnderfine dy problemen net. Dat betsjut dat de situaasje net gau feroarje sil, útsein as de oerheid yngrypt.
Bart Kingma en Johanna Brinkman © Omrop Fryslân
Neffens histoarikus Tim Verlaan fan de Universiteit fan Amsterdam is de wenningneed it gefolch fan bewust oerheidsbelied sûnt 1980. Dat feroare doe fan 'soargje foar goed ûnderdak' yn 'stimulearje fan eigen besit', inisjearre troch foaral behâldende en liberale politike partijen.
Bykommend foardiel wie dat huzebesitters dit belied en dus dizze partijen stypjen bleaune. Sa ûntstie der in systeem dat der belang by hie om huzebesitters te geriivjen mei allegear (finansjele) foardielen.

Te ûntwrichtsjend

Verlaan seit dat dat systeem net langer oerein te hâlden falt, omdat de skea foar de 'have-nots' te ûntwrichtsjend is. Hy pleitet foar nij belied, dêr't de oerheid de leie wer stevich yn hannen nimt.
Programmamakker Johanna Brinkman oer de FryslânDOK
FryslânDOK 'Hillige Húskes' diel 1
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.