Libertas wint foarearst lêste Fryske derby yn earedivyzje sealfuotbal

De Fryske derby yn de earedivyzje fan it frouljussealfuotbal is in proai wurden foar Libertas. De thúsploech wûn yn Damwâld mei 4-1 fan Drachtster Boys.
Esra van der Heide oan de bal, Evelien Mensis besiket 'm ôf te pakken © Dijks Fotografie
It is foarearst de lêste Fryske derby op it heechste nivo yn it sealfuotbal, want Drachtster Boys lûkt him nei alve jier werom út de earedivyzje. It is te dreech om in goed team gear te stallen, fertelde trainer Symen Abe Hoekstra earder.
Nei it bekend meitsjen fan it nijs giet it Drachtster Boys net foar de wyn. Op besite by Libertas gong it mis yn it lêste part fan de earste helte.

Doelpunten falle rap

Earst profitearre Josefien Slump fan balferlies fan Drachtster Boys. Se skeat de bal ûnder doelfrou Anna Reitsma troch. Silke van der Wal en Sam Bosma fergrutten de foarsprong fan Libertas sels ta 3-0.
Nei it skoft brocht Suzanna Deckers de spanning wat werom. Ut it neat skeat de bal oer Libertas-keepster Laura Hummel hinne.
Lang duorre it net of Libertas hie de marzje fan trije doelpunten wer te pakken. Silke van der Wal makke har twadde fan de jûn. It bleau by 4-1.

Noch ien wedstriid

Troch it ferlies kin Drachtster Boys de play-offs net mear helje. Takom wike is de lêste wedstriid yn it bestean fan it team, út tsjin ZVG yn Gorinchem. Libertas spilet oare wike thús tsjin Drs. Vijfje út Grins.