Tsientûzenen boeten, mar provinsje is tefreden: "Er wordt minder hard gereden"

De trajektkontrôle op 'e N381, tusken Drachten en Donkerbroek, hat yn 2021 yn totaal 56.703 snelheidsoertrêdingen oantoand. Yn totaal smiet dat in bedrach fan hast 4 miljoen euro oan boeten op.
"Troch de kontrôle ryd ik 100, oars net"
De trajektkontrôle op 'e N381 waard twa jier lyn ynsteld om de ferkearsfeiligens te ferbetterjen. De fraach is dan ek oft de ynfiering wol holpen hat. "Ik had niet verwacht dat het aantal boetes zo hoog zou zijn, maar we kunnen wel zeggen dat ons doel bereikt is," seit deputearre Avine Fokkens.
Nettsjinsteande it hege tal boeten wiist Fokkens op 'e gemiddelde snelheid fan 'e oertrêdingen: "We zien dat er minder hard wordt gereden. Eerst werd er gemiddeld 125 kilometer per uur op deze weg gereden. Dat is 25 kilometer per uur te hard. Nu ligt het gemiddelde net iets boven de 100 kilometer per uur."
"Dat is nog steeds te hard, maar minder fors dan voorheen. Bovendien is het aantal ongelukken afgenomen."

Provinsjale diken gefaarlik

Provinsjale diken binne de gefaarlikste diken fan Nederlân, seit it Iepenbier Ministearje. Sawat in kwart fan alle ferkearsdeaden falt op provinsjale diken, wylst mar seis prosint fan de diken yn Nederlân in provinsjale dyk is.
De trajektkontrôle op de N381 © Omrop Fryslân
Dy sifers wiene ek de oanlieding om trajektkontrôles yn te fieren. By in trajektkontrôle wurdt de snelheid oer in langere ôfstân metten, it giet dan om de gemiddelde snelheid tusken twa mjitpunten. Neist de N351 is dit de twadde aktive trajektkontrôle yn Fryslân.