Buma by 77 jier befrijing Ljouwert: "Dat we witte hoe slim oft it wêze kin"

Yn Ljouwert is freed de befrijing fan de stêd yn de Twadde Wrâldoarloch betocht. De dei wurdt ek sjoen as de Fryske befrijingsdei, omdat op 15 april yn it grutste part fan Fryslân de oarloch foarby wie.
Buma: "We moatte begripe dat it hjir ek plakfûn hat"
It is 77 jier lyn dat Ljouwert troch de Kanadezen befrijd waard fan de Dútske besetters. Boargemaster Sybrand Buma en generaal Atkinson fan de Royal Canadian Dragoons (in tankbataljon) wienen oanwêzich by de betinking.
De boargemaster is der wiis mei dat de betinking nei twa jier wer trochgean kin. "Ik fyn it moai dat it wer kin. Ik fyn it moai dat we sa betinke kinne dat Ljouwert op 15 april 1945 befrijd is troch de Kanadezen."
Buma by de betinking © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
"Wy ha fansels ek generaal Atkinson út Kanada wei derby", sei Buma. "Dat makket it ekstra bysûnder."
Boargemaster Sybrand Buma oer de betinking yn Ljouwert
De boargemaster iepene yn soarchynstelling Noorderbreedte de útstalling fan 44 ferhalen oer de befrijing. It binne allegear ferhalen fan bewenners dy't 77 jier lyn de befrijing meimakke hawwe. "Heel indrukwekkend. Ik herinner me alles nog heel goed", sei ien fan de bewenners.
De bewenners moasten fanwegen corona twa jier wachtsje op de iepening. "75 jier frijheid, dat fûn ik wol hiel bysûnder", sei in oare bewenner. "Oer fiif jier binne der wer folle minder minsken dy't it echt bewust meimakke ha."
Twa jier lyn soe it 75-jierrich jubileum fan de befrijing fierd wurde, mar fanwegen de coronakrisis koe dat doe net trochgean. "Der soenen yn 2020 fyftich Kanadezen oerkomme, dat kin no net mear. Mooglik binne der no twa feteranen dy't der 4 en 5 maaie by wêze sille."

'Wichtich dat we betinke'

Mei de oarloch yn Oekraïne op de eftergrûn hat sa'n betinking ekstra lading, fynt Buma. Hy fynt it dêrom wichtich dat minsken de befrijing betinke. "Om de takomst ek feilich te hâlden, dat we witte hoe slim oft it wêze kin. En hoe wichtich oft it is dat we frij binne, en dat mei-inoar fiere."
Boargemaster Buma en frou Kwast iepenje de útstalling yn Noorderbreedte © Menno de Boer
Reaksjes op de útstalling fan ferhalen fan de Twadde Wrâldoarloch