HEA! Nijs út Wytmarsum

Op it bankje foar de tsjerke yn Wytmarsum wurdt alle dagen efkes it nijs trochnaam, mar fan de ferneamde Wytmarsumer boer Jouke Huitema út Boer Zoekt Vrouw is net folle bekend.
HEA! Goeie út Wytmarsum:
Melle, Abe en Tjibbe meie graach even in pypfol prate oer wat der allegearre spilet yn it doarp. Der ûntgiet harren net folle, elk dy't foarbykomt wurdt efkes behannele. BZV-dielnimmer Jouke kenne se lykwols net sa goed. En omdat dy swart kuilplestik om de pleats hinne delset hat, falt foar de doarpsbewenners ek net folle te sjen.