Underwiisminister Wiersma: bestjoerder SvPO-skoallen moat opstappe

De bestjoerder fan de Stichting voor Persoonlijk Onderwijs, lykas fan it Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp, moat sa gau mooglik opstappe. Dat seit ûnderwiisminister Dennis Wiersma.
Underwiisminister Dennis Wiersma © ANP
As de bestjoerder net opstapt, makket de minister gjin jild mear oer nei de skoalstichting. De minister docht dy útspraak nei oanlieding fan in ûndersyk fan de ûnderwiisynspeksje.
Ut it ûndersyk docht bliken dat foar goed 22 miljoen euro oan publyk jild ûnrjochtmjittich bestege is. Likernôch 16 miljoen euro dêrfan is by private stichtingen bedarre dêr't de skoalbestjoerder sizzenskip yn hat.

Oanjefte tsjin bestjoerder

De Ynspeksje fan it Underwiis die yn maart al oanjefte tsjin in bestjoerder fan de skoalstichting, omdat der tocht waard dat de bestjoerder foar ien of mear strafbere feiten ferantwurdlik wie. De minister seit de maatregels "uitzonderlijk maar noodzakelijk" binne.
It Tjalling Koopmans College (SvPO Hurdegaryp) © Omrop Fryslân
De stichting SvPO stiet al langer ûnder tafersjoch fan de ynspeksje. Under de Stichting voor Persoonlijk Onderwijs falle njonken it Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp sân oare skoallen, yn Amsterdam, Utrecht, Hoorn, Geldermalsen, Kapelle, Deventer en Hengelo.