Harkemase Boys pakt trije punten yn thúswedstriid tsjin DOVO

Harkemase Boys hat tongersdeitejûn thús mei 1-0 wûn fan fuotbalferiening DOVO út Veenendaal. It iennichste doelpunt yn de wedstriid kaam fan Kian Visser.
Kian Visser fiert syn goal © Orange Pictures
De gasten wiene yn it begjin fan de wedstriid wat mear oan de bal, mar der waarden net in soad kânsen kreëarre. Yn de 29e minút wie it lykwols raak foar Harkemase Boys. Kian Visser koe in moai doelpunt skoare nei in goede aksje fan Thomas Prinsen: 1-0.
Mei dy stân op it skoareboerd giene de beide teams om skoft. Harkemase Boys gie dêrnei fûl op syk nei in ferdûbeling fan de foarsprong, mar dat slagge net. DOVO like yn de einfaze sels noch even werom te kommen. De lykmakker siet der lykwols net mear yn en sa bleaune de trije punten op De Harkema.