Gemeentewurkers hâlde kuierjende beammen fan Bosk yn libben: "Oars as oars"

Oer twa wiken sille 1200 beammen troch Ljouwert kuierje. Oant dy tiid is de bûtentsjinst fan de gemeente Ljouwert dwaande om de beammen yn libben te hâlden.
De beammen wurde mei passy en leafde yn de gaten hâlden troch de manlju fan de gemeente:
Op dit stuit stean de beammen te wachtsjen yn de buert fan it spoardok. "We hâlde se wat yn libben mei wetter", fertelt Riemer Haagsma fan gemeente Ljouwert. "En we jouwe de bakken in kleur, sadat it net sa bylket." Der is spesjale apparatuer om te mjitten hoefolle wetter der noch yn de bakken sit.
Haagsma is gewoanwei kompleet oare wurksumheden wend, mar hy fynt dit ek prachtich. "Der wurdt wat fan je frege dat der normaal net is, oars as oars."