Ljouwerter F-35's helpe by befeiliging loftrom Bulgarije: "We staan op verhoogde status"

Sa'n hûndert Friezen en fjouwer F-35's fan de Ljouwerter fleanbasis binne sûnt dizze wike yn Bulgarije. Dat hat alles te krijen mei de Russyske driging oan de noardkant fan de Swarte See.
Ljouwerter F-35's helpe by befeiliging loftrom Bulgarije: "We staan op verhoogde status"
As it nedich is sille de fleantugen de loft yn, mar it doel is foaral de oanwêzichheid sels: wach wêze en ôfskrikke. De Friezen soargje der op in basis by de stêd Plovdiv 24 oeren deis foar dat de tastellen by in driging fuort de loft yn kinne.
Oant no ta is dat noch net bard, mar de driging nimt mei de dei ta. De Swarte See is in gebiet dêr't de Russen hieltyd aktiver wurde. "Sinds een aantal dagen staan we op verhoogde status om het Bulgaarse luchtruim te beveiligen", seit skwadronkommandant Guido Schols.
In F-35 yn Bulgarije © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De Bulgaren kamen begjin jannewaris mei de fraach oan de NAVO foar help by de ferdigening fan it loftrom. De Russyske driging oan de grins mei Oekraïne naam ta en ek yn Bulgarije waard dy spanning field. Om de Bulgaarske loftmacht te helpen, waard besletten F-35's te stjoeren.
"Het is denk ik heel belangrijk, vooral als signaal van saamhorigheid, vanuit het besef dat we als NAVO-landen samen verantwoordelijk zijn voor de verdediging van ons luchtruim", seit loftmachtkommandant Dennis Luyt.

Mear ynset

It is net de iennige ynset. De loftmobile brigade oefenet yn Roemenië en oare militêren binne aktyf yn Litouwen of yn marineferbân op see. Ek is in Patriot-ienheid foar de ferdigening fan it loftrom nei Slowakije stjoerd.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie yn Bulgarije
Dennis Luyt, kommandant fan de Nederlânske loftmacht