FrieslandCampina stekt oardel miljard yn klimaatneutrale suvel

Suvelkonsern FrieslandCampina wol dat syn suvelprodukten uterlik yn 2050 klimaatneutraal makke wurde. It bedriuw hat dêr tongersdei in plan fan oanpak foar presintearre.
© Omrop Fryslân
Yn it plan stiet ûnder oare dat it bedriuw sels oer acht jier 63 prosint minder broeikasgassen útstjit yn fergeliking mei 2015. De melkfeebedriuwen dy't by FrieslandCampina oansletten binne, wurkje ta nei 33 prosint minder útstjit. Ek taleveransiers fan grûnstoffen wurkje ta nei minder útstjit.

Oardel miljard

Om it klimaatplan fan de grûn te krijen, moat FrieslandCampina flink ynvestearje. It bedriuw giet út fan oardel miljard euro oant it jier 2030.
Tusken 2015 en 2021 hat it suvelbedriuw ek al wurke oan in fermindering fan de útstjit fan broeikasgassen mei de ynfiering fan enerzjybesparjende maatregels en it gebrûk fan griene enerzjy.

Bettere planeet

It klimaatplan makket diel út fan it duorsumensprogramma Nourishing a better planet. Dêryn is ek omtinken foar goed en betelber iten, goede ynkomsten foar boeren, biodiversiteit, duorsume ferpakkingen en duorsume ynkeap fan grûnstoffen.