Asbest yn kantoar Grontmij

24 nov 2011 - 13:49

De sawat sechstich meiwurkers fan de Grontmij yn Drachten wurkje sûnt ferline wike op in oar plak. Yn harren kantoar net fier fan it Van der Valk Hotel is asbest fûn. Dat waard ferline wike woansdei fêststeld.

De meiwurkers wurkje no thús of yn oare festigings. Se hawwe net yn gefaar west, seit wurdfierder Marieke Heeringa fan de Grontmij.

Trefwurden: 
asbest Grontmij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)