GeschiedenisLokaal Fryslân is nij online boarneplatfoarm foar it ûnderwiis

Mei de webside 'GeschiedenisLokaal Fryslân' is in nij online boarneplatfoarm foar it ûnderwiis beskikber. It is dizze tongersdei online kaam.
Skilderij yn it Stadhouderlijk Hof © Geschiedenislokaal Fryslân
De webside foarsjocht yn it ferlet fan Fryske skoallen nei online boarnen en lesmateriaal oer erfgoed yn Fryslân. Dosinten en learlingen kinne dêr ûndersyk dwaan nei digitalisearre histoaryske boarnen út har eigen omjouwing.

Lokale boarnen

GeschiedenisLokaal Fryslân is ûnderdiel fan it lanlike netwurk www.geschiedenislokaal.nl, dat regionale histoaryske boarnen fan argiven, musea en oare erfgoedynstellingen tagonklik makket.
Op de webside binne de boarnen oersichtlik delset neffens tiid, tema en lokaasje. In boarne kin in filmke, dokumint, foto, plattegrûn of tiidline wêze, dy't wat fertelt oer in spesifike perioade of in spesifyk foarfal. By de boarnen wurdt kant-en-klear lesmateriaal oanbean.

Ferline komt tichterby

Dêrmei komme learlingen en dosinten yn de kunde mei de skiednis fan it doarp, de stêd of de regio dêr't se wenje. Mei GeschiedenisLokaal Fryslân komt it Fryske ferline tichterby en ta libben.
It platfoarm rjochtet him foarearst op it fuortset ûnderwiis, mar is yn in letter stadium ek geskikt foar it primêr ûnderwiis.
© Geschiedenislokaal Fryslân
GeschiedenisLokaal Fryslân is in inisjatyf fan Historisch Centrum Leeuwarden (HCL), Tresoar en Fries Verzetsmuseum, út namme fan alle erfgoedynstellingen yn Fryslân. De webside is folle yn gearwurking mei studinten fan de learare-oplieding Geschiedenis fan NHL Stenden Hogeschool.