Wethâlder Theo Faber: "Stroomkabel komt er niet langs, bij of op Ameland"

It Amelân is wer yn byld foar it trasee fan stroomkabels fan wynparken yn de Noardsee nei de Eemshaven. Earder wie op Skiermûntseach al in soad opskuor, om't de kabel dêr dwers troch it eilân soe. Fanwege dy wjerstân moat it ministearje de rûte op 'e nij besjen.
Noed oer plan foar stroomkabel by It Amelân:
It ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat ûndersiket in tal mooglike rûtes foar kabels. Der lizze no acht rûtes ta besjen. Ien dêrfan rint troch natuergebiet It Oerd op It Amelân.
Wethâlder Theo Faber is der hiel dúdlik oer: dy kabel komt der net op, oer of by syn eilân. "Twee jaar geleden hebben we dat ook al aangeven dat we dat niet zien zitten. Dat geldt ook voor Schiermonnikoog, daarin staan we samen."
© Omrop Fryslân
Yn eardere oerlizzen hat de regio dêr't dit spilet oanjûn dat de kabel fia de Eemshaven kin. "Dat is wel een duurdere optie, maar de gemeente Het Hogeland heeft aangegeven dat ze een deel van de energie daar wel kunnen gebruiken."
Een eerste geruststelling is dat deskundigen zeggen dat Ameland niet een heel waarschijnlijke optie is. Mocht dat wel zo zijn, dan is dat niet bespreekbaar.
Wethâlder Theo Faber
Hy is fernuvere dat alle opsjes no wer iepen lizze. "Een eerste geruststelling is dat deskundigen zeggen dat Ameland niet een heel waarschijnlijke optie is. Mocht dat wel zo zijn, dan is dat niet bespreekbaar. De gevolgen zijn desastreus voor het Oerd."
Neffens Faber is der noch in oare opsje. "Er is een stukje niemandsland tussen Nederland en Duitsland. Beide landen moeten daar toestemming voor geven en Duitsland wilde dat niet, maar lijkt nu door de ontwikkelingen in Oekraïne er wel voor open te staan."
Wethâlder Theo Faber
It ministearje seit yn in reaksje: 'alle verkende routes kennen uitdagingen op het gebied van ecologie, landbouw, uitvoerbaarheid en/of vergunbaarheid maar hebben theoretisch gezien voldoende ruimte om 4,7 GW aan te laten landen. Nader onderzoek zal moeten uitwijzen of dit ook in de praktijk mogelijk is.'