Oerheid warskôget foar minskehannel by opfanglokaasjes Oekraynske flechtlingen

Opfanglokaasjes foar Oekraynske flechtlingen moatte wach wêze op minskehannelers dy't froulju 'ronselje' wolle foar 'seksuele uitbuiting'. Alle gemeenten hawwe rjochtlinen krigen fan de oerheid om minskehannel foar te kommen.
Oerheid warskôget foar minskehannel:
It gong tiisdei hast mis by it eardere wensoarchsintrum Nieuw Mellens yn Ljouwert, dêr't 200 flechtlingen sitte. In man en in frou yn in taksybuske woenen trije froulju meinimme, mei it idee om se nei famylje te bringen yn it midden fan it lân.
De froulju koenen de taksybestjoerders net. Se fertrouden it net en stapten net yn. Ek de befeiliging wegere de flechtlingen samar gean te litten mei ûnbekenden.
Se bellen de plysje, om't it buske it terrein net ferlitte woe. Doe't de plysje by Nieuw Mellens oankaam, binne de man en frou fuortriden. "We hebben ze niet aangehouden omdat er geen strafbaar feit gepleegd was", sei de plysje.
© Omrop Fryslân
Yn de flyer fan de oerheid dy't alle gemeenten krigen hawwe, wurdt warskôge foar soksoarte praktiken. 'Vluchtelingen lopen een groter risico om slachtoffer van mensenhandel te worden, omdat ze weinig geld en bezittingen bij zich hebben, de taal niet spreken en niet weten welke rechten ze hebben en geen netwerk waarop ze kunnen vertrouwen', stiet yn de folder.
Flechtlingen wurde net allinne meinaam foar de prostitúsje, mar ek om ûnder twang te wurkjen of wat strafbers te dwaan.

Warskôgje en striidber meitsje

It is de bedoeling dat meiwurkers fan opfanglokaasjes de flechtlingen warskôgje foar en striidber meitsje tsjin minskehannel. Sa is it bygelyks mis as 'iemand elke dag wordt opgehaald en weer teruggebracht, iemand meerdere dagen afwezig, iemand blauwe plekken heeft of bezoek krijgt van een of ander uitzetting', stelt de flyer.
De oerheid freget dan om gau te beljen mei de gemeente of it team minskehannel fan de plysje, 0900-8844.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Rob Kelder fan Fier oer minskehannel