Ambulânses fan Kijlstra ha oersethelp om mei pasjinten te kommunisearjen

De ambulânses fan Kijlstra hawwe tenei in oersethelp yn de auto. It apparaat fan sa'n 300 euro leit yn it dashboardkastje om sa mei pasjinten kommunisearje te kinnen as it nedich is.
Ambulânses fan Kijlstra ha oersethelp om mei pasjinten te kommunisearjen:
"Met de toenemende stroom aan Oekraïense mensen denk ik wel dat we hem vaak gaan gebruiken", fertelt ambulânseferpleechkundige Margreet Vrieswijk.
It idee om it yn de ambulânses te hawwen, wie der al langer, mar is no earder regele mei de komst fan de flechtlingen. "Hij is ook handig voor asielzoekers, studenten in de stad Leeuwarden en vakantiegangers, dus je kunt hem heel groot gebruiken."

74 talen, gjin Frysk

It personiel op de ambulânse kin no mei minsken yn 74 ferskate talen kommunisearje troch de oersethelp, mar dêr sit it Frysk net tusken. "Maar dat is ook niet nodig hoor."
Margreet Vrieswijk mei it kastje © Omrop Fryslân
Foarhinne wurke it personiel op de ambulânse mei tolken of gong it fia famyljeleden dêr't mei kommunisearre wurde koe.
Neffens Vrieswijk is dit folle praktysker, want no ha je direkt kontakt mei de pasjint. Dat wurket nofliker en rapper. Boppedat stiet it ek yn foar de privacy. Op in mobile telefoan wurdt alles byhâlden, mar dizze oersetter slacht neat op.

Wurket ek mei mofkes oan

Boppedat is in mobile telefoan mei touchscreen net te betsjinjen mei mofkes oan, it kastje fan de oersetter wol. "Wij hebben patiëntencontact altijd met handschoenen aan, dus het is heel fijn dat hij ook met handschoenen aan werkt."
Foar safier't se by Kijlstra witte, binne se de earste ambulânses yn Nederlân mei dizze apparaten. Mooglik nimme oare bedriuwen it oer, lykas yn sikehuzen.