Noed oer opsje stroomkabel troch natuergebiet It Oerd op It Amelân

It Fryske Gea is min te sprekken oer de opsje fan in stroomkabel troch natuergebiet It Oerd. Neffens de natuerbehearder is dit it skealikste trasee.
It Oerd © ANP
It ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat ûndersiket in tal mooglike rûtes foar kabels, dy't fan wynparken yn de Noardsee nei de Eemshaven rinne moatte. Der lizze no acht rûtes op besjen.
Ien fan de opsjes rint fan de Noardsee troch It Amelân hinne nei de fêste wâl by Wierum en Ternaard. Dêrnei soene de kabels nei it easten rinne, fia it Lauwersmargebiet hielendal nei de Eemshaven.

Alde opsje wurdt wer neamd

Dizze Amelanner opsje is earder neamd. "Eins 'popt' er wer op. Hy wie yn it ferline ek al even ûndersocht yn it ramt fan in wynpark benoarden de Waadeilannen. Doe is er ôffallen, omdat der tefolle skea wêze soe. It is spitich dat de opsje no wer neamd wurdt. We sjogge dit noch hieltyd net sitten", seit Chris Bakker, adjunkt-direkteur fan It Fryske Gea.
Mei mienskiplike noardlike natuerorganisaasjes ha se oanjûn wat de minst skealike wie. Se fine wol dat dy wynparken der komme moatte en dat yn see in gaadlik plak is. "Dy kabel moat ergens hinne, hy moat by de Eemshaven wêze. We ha sein dat by de fargeul del in folle bettere rûte is. Om dêr in soarte fan kabelgoat te meitsjen foar alle wynparken. Dat jout folle minder skea, mar is technysk dreger en dêrom wurdt dit no opnij ûndersocht."

Skea oan natuer

It Oerd is in dynamysk gebiet. "Der moat romte wêze om te bewegen en as der sa'n kabel leit, is it net mear dynamysk. En komst troch it Waad dêr't in soad skulpebanken lizze. Dat is in rêstich stik Waadsee mei moksel- en kokkelbanken en wat in belangryk foerazjeargebiet foar fûgels is. In kabel moatst dêr net wolle."
Boppedat moat de kabel oan lân ek nochris tsientallen kilometers troch Fryslân en Grinslân. "Dêr sille boeren ek net bliid mei wêze."
Mei oare noardlike natuerorganisaasjes sil It Fryske Gea oanjaan dat se dizze opsje net sitten sjogge.
Chris Bakker, adjunkt-direkteur fan It Fryske Gea
Earst soe der ien wynpark komme, mar no komme der meardere. "De proseduere oer it earste park is net goed ferrûn, dêrom is it weromnaam. No is it op 'e nij yn proseduere brocht foar alle parken mei elkoar. Dat is wol in goed idee, want dan kin it ien kear goed dien wurde."
Earder wie der sprake fan dat de kabel dwers troch Skiermûntseach komme soe, mar dêr wienen in soad protesten tsjin.