Renze Stiemsma fan De Griffel yn Ljussens wint Lyts Frysk Diktee

Renze Stiemsma fan basisskoalle De Griffel yn Ljussens hat it Lyts Frysk Diktee wûn. Hy makke mar acht flaters en dêrmei kin Renze it bêste Frysk skriuwe fan alle basisskoalbern yn Fryslân.
De priiswinners fan it Lyts Frysk Diktee 2022 © Provinsje Fryslân
Twadde waard syn skoalgenoat Jelmer Faber, mei 10 flaters. It tredde plak wie mei 11 flaters foar Brecht Haantjes fan De Jasker yn Nij Beets.
Fjirtich bern fan groep 7 en 8 dienen tongersdei mei oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee. Yn de Steateseal fan it provinsjehûs yn Ljouwert waarden se útdage om sa goed mooglik Frysk te skriuwen.

Tema

De foarronde foar it diktee wie earder dizze moanne op 16 Fryske basisskoallen. Sa'n 350 bern dienen mei en dêrfan geane dus fjirtich troch nei de finale. It diktee is skreaun troch skriuwster en oersetster Martsje de Jong.
"It tema fan it diktee is basearre op it boek Hero fan Martha Attema, dat ik yn it Frysk oerset ha. It is in boek oer de Twadde Wrâldoarloch", seit Martsje de Jong.
Skoalbern yn Lekkum © Leo Middelsé, Ilona de Vries
Se krige de opdracht om rekken te hâlden mei it nivo fan de bern. "By it Frysk lêzen begripe se al gau wat der stiet, mar sels Frysk skriuwe is wol wat oars noch. It freget oefening om te ûnthâlden hoe'tst it skriuwst."
Troch corona is it skriuwnivo de lêste twa jier minder wurden. "Dêrom brûk ik koarte sinnen en sa folle mooglik ferskillende wurden. It is de keunst om wurden te brûken dêr'tst goed fan hearre kinst hoe'tst dy skriuwe."

Grut Frysk Diktee

Yn totaal dienen der sechstjin skoallen mei oan de finale yn it provinsjehûs. It diktee waard organisearre troch de provinsje, de Fryske Akademy, Cedin en Afûk. Oer fiif wiken folget noch it Grut Frysk Diktee en wa't dêr oan meidwaan wol, kin him noch opjaan.
Martsje de Jong
It Grut Frysk Diktee is op 17 maaie en is in dei letter, 18 maaie, by Omrop Fryslân te sjen. Dy tekst wurdt skreaun troch Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop.