Fryske passy 'In frjemdling...' fanwege sukses takom jier wer

De Fryske passy 'In frjemdling yn Jeruzalem, de passy fan in sjenner' wurdt takom jier op 'e nij útfierd. Datum en plak fan de nije útfierings binne al bekend: 1 en 2 april 2023 yn de RK-tsjerke op It Hearrenfean.
Dat is besletten troch de skriuwers en produsinten, nei it sukses fan de earste trije konserten fan it ôfrûne wykein. De premjêre fan 'In frjemdling yn Jeruzalem' wie op freed 8 april yn de Meinardstjerke yn Minnertsgea. Dêrnei wiene der noch twa útfieringen yn de Roomske tsjerke op It Hearrenfean.
Femke de Boer sjongt de rol fan Maria © Omrop Fryslân
De tekst fan dizze nije Fryske passy is skreaun troch skriuwer en dichter Eppie Dam, de muzyk is komponearre troch Gerben van der Veen. It âlde lijensferhaal fan Jezus krige by harren in oare draai en dêrmei in hjoeddeiske betsjutting.
De tradisjonele passys hâlde op by de dea fan Jezus. Mar hjir rint it ferhaal troch mei de skiednis fan de Emmaüsgongers. Yn de nije muzyk is mei oare ynstruminten wurke lykas harmoanium, marimba en harp.
Eppie Dam by in repetysje © Omrop Fryslân
De passy fan Dam en Van der Veen heakket yn op de aktualiteit. Yn dit ferhaal wurdt dúdlik dat de ienling it hast altyd ôflizze moat tsjin de massa en de macht.
In minske (Jezus) makke it ferskil, mar waard net herkend troch de minsken. It goede leit om 'e hoeke, mar do moatst it wol sjen wolle. Ek de rol fan de frou is yn dit ferhaal folle grutter as yn de tradisjonele passys.
Gerben van der Veen, komponist en dirigint © Omrop Fryslân
FryslânDOK makke in dokumintêre oer de nije Fryske passy: 'In frjemdling yn Jeruzalem, de passy fan in sjenner'.
Dy is útstjoerd op 9 en 10 april by NPO2 en by Omrop Fryslân.