Boargerynfiltrant wie neffens Iepenbier Ministearje needsaaklik yn Vidarsaak

De ynset fan in kriminele boargerynfiltrant wie nedich om de Fryske drugsbinde, bekend ûnder de namme Vidar, op te rôljen. Dat sei offisier fan justysje Henk Mous woansdei by it rekwisitoar.
Justysje © Shutterstock.com
Yn de Vidarsaak komme tweintich fertochten foar fanwegen belutsenheid by ynternasjonale drugshannel.
Oer de ynset fan de kriminele boargerynfiltrant A-4110 wie in soad diskusje. Neffens Mous koe it sletten bolwurk fan de motorklups Hells Angels en de Red Devils net besljochte wurde sûnder ynset fan de ynfiltrant.
By de fertochten sit in tal motorbindeleden. "De motorclubs laten nooit wat los. Ze weten precies hoe ze de politie moeten ontlopen. En als er al iemand wordt opgepakt, dan laat die niks los uit angst voor represailles."

Wat is de Vidarsaak?

De saak begûn foar de bûtenwrâld yn maart 2020. Doe waard by de grins mei Dútslân in buske oan de kant set mei dêryn 86 kilo speed, drugs. Dêrop folge in rige ynfallen wêrby't wapens, oare drugs en cash jild fûn waarden.
Yn totaal waarden 22 minsken oanhâlden, ûnder har 20 Friezen. Fan har wurde 8 sjoen as haadfertochte. Al frij gau kaam justysje mei in parseberjocht: sy hiene in kriminele boargerynfiltrant ynset. Foar safier bekend in unikum. Nei de IRT-affêre yn de jierren 90 wie de ynset fan sokke ynfiltranten earst ferbean. Letter waard it wer tastien, mar it is net bekend oft se njonken dizze saak noch mear ynset binne.
De saak kaam oan it ljocht doe't in lid fan de Red Devils kontakt socht mei de lettere boargerynfiltrant. Dy koe er út it sirkwy. Dat wie krekt de krêft fan A-4110, dy't earst as pseudo-keaper ynset waard en in jier letter yn de binde ynfiltrearre.
Mous: "Om zicht te krijgen op drugshandel moet zo'n infiltrant zich gedragen als een crimineel en vertrouwd worden. Dat kon A-4110 goed, want hij stond al jaren bekend als een crimineel met een lang strafblad."

Gefaarlik

De identiteit fan de ynfiltrant, in man út Ljouwert, waard geheim hâlden, om't er gefaar rûn as er bekend wurde soe as meiwurker fan de plysje. "Dat risico moest geminimaliseerd worden." Sa no en dan krige de ynfiltrant opname-apparatuer mei om stikem petearen op te nimmen.
Neffens Mous is de oanpak fan ynternasjonale drugshannel belangryk. "Drugshandel heeft een enorm verdienmodel. Negentien miljard euro per jaar."
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust oer de saak