Operaasje Fryske Flagge: fysio Paulina koe gjin wurk fine en ferhuze nei Switserlân

Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Dizze wike is dat Paulina Schotanus. Se wennet yn Wolfhausen yn Switserlân.
Paulina Schotanus wennet yn Switserlân © Eigen foto
Paulina wennet sûnt sawat tritich jier yn Switserlân. Nei har stúdzje fysioterapy yn Grins ferhuze se yn 1992 nei dat lân. Yn Nederlân wie gjin fêst wurk te finen foar fysioterapeuten. No hat se in drokke eigen praktyk.

Bergen

It libben yn Switserlân is ferlykber mei dat yn Fryslân, behalve de bergen fansels, fertelt Paulina. Se wennet yn it doarpke Wolfhausen op it plattelân. Dat leit moai sintraal, midden yn de natuer. Binnen in oere is se yn de bergen en binnen 20 minuten by de mar fan Zürich.
Oft it ek moaier is as Fryslân? It is oars, seit Paulina. Se hat gjin muoite hân dêr te aardzjen. In Fries past kwa folksaard hiel goed yn Switserlân, is har ûnderfining.

Efkes werom

Tegearre mei har partner Philippe is se no efkes werom yn Fryslân. Alderearst om har heit en mem te sjen dy't se fanwege de corona 2,5 jier net yn it echt sjoen hat. Se hawwe wol in soad fideobelle, mar it hiel moai se no wer oankrûpe te kinnen.

Switsers oan it fierljeppen

Fierders is Paulina ek yn Fryslân om dingen ta te regeljen foar in feest. Ferline jier is se 50 jier wurden en dêrom wol se fan 't simmer 'in delegaasje' Switsers útnûgje, sa't se it sels neamt. Dy ferbliuwe in wike lang yn Fryslân. Sa kinne se yn de kunde komme mei Paulina har heitelân. Doel is dat de Switsers ek Fryske dingen dogge, lykas fierljeppen en Waadrinnen.
Paulina Schotanus