Oekraynske bern foar it earst nei skoalle yn Grou

Tritich Oekraynske bern dy't yn Grou opfongen wurde, hawwe dêr tiisdei foar it earst nei skoalle west. Ynkoarten moatte ek bern dy't yn Nieuw Mellens yn Ljouwert opfongen wurde nei skoalle kinne.
Sûnt in pear wiken ferbliuwe Oekraynske flechtlingen yn herberch Oer 't Hout yn Grou. Yn trije lokalen by basisskoallen De Twa Fisken en Nijdjip krije se sûnt tiisdei les.

Nifelje en spultsjes dwaan

"De bern moatte foaral dwaande wêze kinne mei inoar", seit direkteur Johan Meesters van CBS Nijdjip. "Se drage in behoarlike rêchsek mei ferfelende ûnderfiningen. Dizze bern ha benammen baat by rêst, regelmjittigens en it boartsjen mei-inoar. In soad nifelje en spultsjes dwaan dus. En fansels it learen fan de Nederlânske taal."
Under de Oekraynske flechtlingen is in learkrêft Ingelsk. "Sy sil de learkrêften stypje en sil dit wikseljend oer de groepen dwaan. Dat is hiel moai. Sy kin der ek wêze foar de bern as se der ferlet fan ha om deroer te praten", seit Meesters.

Tolk

It giet om Larisa Honchar. Sy flechte mei har dochter foar de oarloch yn Oekraïne en twivele gjin momint doe't se de fakatuere foar klasse-assistint seach. Se fûn dat se wat spesjaals dwaan moast, wat nuttich wie foar de minsken út Oekraïne. Dat sil se no dwaan troch har yn te setten as tolk.
De earste skoaldei foar Oekraynske bern yn Grou © LEO Middelsé
De Oekraynske learlingen krije earst les yn groepen fan maksimaal 15 bern. Letter sille se ek mear by de 'gewoane' basisskoalle belutsen wurde. "Bijvoorbeeld door het samen spelen op het schoolplein of samen creatief of spelend bezig te zijn. Het wordt wel een echte school, waarbij we bijvoorbeeld ook rekenles op eigen niveau gaan geven", seit Mathilde Penning fan Taalschool Leeuwarden.

Nieuw Mellens

Ynkoarten moat der ek in ûnderwiislokaasje komme yn Ljouwert. "We proberen zo snel mogelijk een locatie voor Oekraïense leerlingen in Leeuwarden op te zetten", seit Penning. "We zijn al druk bezig met de sollicitaties voor het personeel en het zoeken naar geschikte onderwijsruimte in de buurt van Nieuw Mellens."