Simmerwaar by iepening fan De Kruidhof yn Bûtenpost: "Wy treffe it enoarm"

In moaiere earste dei hiene de meiwurkers fan De Kruidhof yn Bûtenpost har net winskje kinnen. Nei de winterperioade iepene de botanyske tún tiisdeitemoarn wer de doarren, mei sinneskynwaar. "Wy treffe it enoarm en hoopje dat it sa trochset", seit direkteur Gerben de Haan.
De Kruidhof yn Bûtenpost is wer iepen:
De earste besikers streamden krekt nei tsienen binnen. De measten fan har kamen tiisdei om planten oan te skaffen foar de eigen tún. "Wy binne de tún oan it opknappen en oan it feroarjen", sa fertelde in frou út de omjouwing. "Wy wolle hjir wat ideeën opdwaan en besjen hokker nije planten der binne."
De ôfrûne twa jierren wiene dreech foar De Kruidhof. "Wy ha mar de helte oan besikers en omset hân as oars", fertelt De Haan. "De kosten rûnen fansels wol troch. Wy binne dus wol wer ta oan in goed seizoen."

Nije pachter

Yntusken is ek in nije pachter fûn foar it túnkafee, dy't de kommende wiken proefdraait. Allinne de bou fan in nije kas rint fertraging op, neffens de direkteur. "De boukosten binne sa bot omheech gien. Wy binne der drok mei, mar it is noch ôfwachtsjen wannear't de kas der presys komme kin."
De earste besikers wiene al rap nei de iepening oanwêzich, seach ferslachjouwer Mats Gies