Gouden horloazje fan holocaustslachtoffer nei goed 75 jier werom by famylje

Op It Hearrenfean krige de famylje fan in holocaustslachtoffer tiisdei in gouden horloazje werom dat in oare famylje al sûnt de Twadde Wrâldoarloch bewarre hie. Boppedat binne tolve stroffelstiennen op fiif lokaasjes yn it plak ûntbleate.
"De familie wilde dat het horloge in Heerenveen bleef":
Mei stroffelstiennen wurde plakken oanjûn dêr't yn de oarloch Joadske minsken wennen, dy't fuorthelle binne en net mear weromkaam binne. Twa fan de slachtoffers fan de Holocaust fan It Hearrenfean binne Jeltje Smeer en Salomon van Loon.

Gouden horloazje

In skoft lyn dûkte in gouden horloazje op, dat wierskynlik fan Salomon wie. Jeltje soe it yn de oarloch oan kunde jûn ha om der op te passen. Dy kunde wie Geisje van Sloten, yn dy tiid wynhanneler oan de Herenwal. "We zijn het tegengekomen omdat we oma moesten verhuizen", seit Lydia Jensma. Geisje van Sloten wie de oerbeppe fan har man.
It gouden horloazje fan Jeltje Smeer © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Jeltje en Salomon waarden yn 1942 fuortbrocht nei Westerbork en kamen yn 1942 yn de gaskeamers yn Auschwitz om it libben. "Ze zouden het weer op komen halen als ze terugkwamen, maar dat is nooit gebeurd. Het is altijd bij ons in de kluis blijven liggen", seit Jensma.
It horloazje bleau oant 2020 by de famylje fan Van Sloten yn de kast lizzen.

Famylje fan Jeltje Smeer

Mei help fan Stichting Historie Heerenveen is de famylje fan Jeltje Smeer opspoard. De famylje krige tiisdei it gouden klokje oerlange. "Daar zijn we heel blij mee, de cirkel is daarmee rond", seit Jensma.
Janet Richter is ien fan de neibesteanden fan Jeltje Smeer. Foar har wie it bysûnder om it klokje werom te krijen, fertelt se. "Een heel bijzonder moment, we hadden geen weet van het bestaan van dit horloge. Dat het na 77 jaar aan ons wordt teruggegeven, dat is een heel bijzonder moment. Een heel emotioneel moment."

Direkt skonken oan museum

"We hebben tegelijk gezegd dat dit horloge moet blijven waar het vandaan komt", seit Richter. "We zijn er heel tevreden mee dat het in het Museum Heerenveen een hele mooie plek krijgt."
Se hopet mei in plakje yn it museum dat it ferhaal fan Jeltje Smeer foar kommende generaasjes taastber bliuwt en net fergetten wurdt.
© Omrop Fryslân
Njonken Jeltje en Salomon waarden tiisdei oare slachtoffers fan de Holocaust op It Hearrenfean betocht mei in stroffelstien, mei harren nammen, bertedatum en datum fan ferstjerren.

Blommen en in wyt stientsje

Neibesteanden hawwe by it ûntbleatsjen fan elke stien blommen en in wyt stientsje dellein. Ien fan de neibesteanden is André Smeer, hy siet yn de oarloch op in ûnderdûkadres yn Mitselwier.
Hy leit in stientsje by de stroffelstien foar Aron Smeer. "Het is indrukwekkend", fertelt er. "Het is weer een stukje gezin dat is teruggebracht, wat je al die jaren kwijt bent geweest. Eerst in Amsterdam, waar mijn vader met zijn familie terechtgekomen is, en nu is hier een stukje familie teruggevonden."