HEA! Jip (8) wol ferneamd wurde

"In technysk foutsje", sa neamt Jip Nauta (8) út Tersoal de kanule yn syn kiel. Dat is in buiske om goed sykhelje te kinnen. It beheint Jip net yn syn dream om ferneamd te wurden.
Jip fynt it moai as minsken him kenne:
Jip giet krekt as oare bern fan syn leeftiid nei de basisskoalle, boartet graach bûten op de pleats en hy sit op drumles. Troch it buiske yn syn kiel moat der eins wol altyd in folwoeksene by him yn 'e buert bliuwe. As de kanule ferstoppe rekket, kin it misgean. Jip bliuwt der lykwols fleurich ûnder.