Hieltyd minder rommel op strân Flylân: "Het bewustzijn neemt toe"

Der leit hieltyd minder troep op it strân fan Flylân. Dat seit de boskwachter fan it eilân, Anke Bruin-Kommerij, op de earste dei fan in opromaksje op it eilân.
© ANP Foto
In groep fan tritich minsken is tiisdei en woansdei dwaande om it Noardseestrân fan it eilân op te rêden. Dit binne frijwilligers, mar ek minsken fan de gemeente, Definsje, Rykswettersteat en de KNRM.
"We gaan vooral voor het kleine spul. Klein afval, omdat dat nog al eens in magen van vogels verdwijnt", seit de boskwachter. Nei in pear oeren hawwe se al in soad fûn. "Een klein plastic spuitje, kleine stukjes touw, doppen en spijkers van kampvuren. Die halen we ook zoveel mogelijk weg."

Bewustwurding

Dochs liket it derop dat der hieltyd minder ôffal leit. "Men wordt zich toch wat bewuster lijkt het erop, want het is gelukkig minder."
It tal skjinmakkers wurdt krekt mear. "Dat is ook een stukje bewustwording denk ik. Dat mensen zeggen van: hee, ik wil een steentje bijdragen aan een schone leefomgeving. Er zijn ook veel Vlielanders die hier nog niet zo lang wonen. Dat doet mij ook heel erg goed."
De skjinmakkers bliuwe noch dwaande oant en mei woansdeitemiddei. Dat moat wol goedkomme neffens de boskwachter, want it waar sit mei. "En we hebben de wind in de rug. Heerlijk!"