Fryske Miljeutsjinst posityf oer tal meldingen geur- en lûdsoerlêst

It tal meldingen fan geur- en lûdsoerlêst fan bedriuwen is it ôfrûne jier ôfnommen, en hieltyd mear bedriuwen melde sels ynsidinten. Dat seit de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO).
In reekplom © CAMJO Media
By de FUMO kinne minsken en bedriuwen melding meitsje fan geur- en lûdsoerlêst fan bedriuwen. Der kamen it ôfrûne jier 631 fan sokke meldingen fan oerlêst by de tsjinst binnen, wat minder as it jier dêrfoar. Doe gong it om 684 meldingen.
De tsjinst hat him it ôfrûne jier bot ynset om it yndirekt útsmiten fan ôffalstoffen en oar guod foar te kommen. Neffens de tsjinst hat dat fertuten dien: it tal bedriuwen dat ynsidinten meldt nimt ta en it tal ynsidinten rint werom.

Brân by houthannel Noardburgum

Bedriuwen moatte ynsidinten dy't gefolgen ha kinne foar miljeu en omjouwing sels by de tsjinst melde. Ferline jier krige de FUMO 55 meldingen fan bedriuwen, fjouwer dêrfan hiene grutte gefolgen foar de omjouwing.
It grutste ynsidint wie de brân by in houthannel yn Noardburgum. Derby gong in loads mei sinnepanielen ferlern, de dieltsjes fan de panielen bedarren yn greiden yn de omjouwing.

Protokol

De tsjinst pleitet dan ek foar in protokol foar brannen mei sinnepanielen. De FUMO sjocht dat sinne-enerzjy hieltyd breder tapast wurdt, en fynt dat de brân yn Noardburgum dúdlik makke hat dat sa'n protokol nedich is.