Amazône Rixt van der Horst mikt mei nij hynder op paralympysk goud yn 2024

Paralympysk amazône Rixt van der Horst hat moandeitemiddei it hynder presintearre wêrmei't sy tawurket nei de Paralympyske Spelen fan 2024 yn Parys. It giet om de Dútske merje Akuna Matata.
Allinnich it goud ûntbrekt noch op myn nachtkastje"
Yn in hearlik maitiidssintsje stiet der op in gersfjild fan in filla yn Oranjewâld in moai, brún hynder te pronkjen. It swarte hier yn flechtsjes en in bantsje mei glimkjende stiennen op 'e foarholle. Op de rêch sit de Grouster amazône Rixt van der Horst. Se nimme mei har beiden rom de tiid foar de parse, dy't de twa op 'e foto sette.
Rixt van der Horst (26 jannewaris 1992) waard tsien wiken te betiid berne. Se hat dêr ferskate beheiningen oan oerhâlden, lykas scoliose. Scoliose is in ferkromming oan de rêchbonke. Dêrtroch rint sy muoilik.
Sy waard ûnder oare fiif kear wrâldkampioen en twa kear Europeesk kampioen paradressuer. Op de Paralympsyke Spelen fan Rio de Janeiro (2016) wûn se ien sulveren en twa brûnzen medaljes. Op 'e Spelen fan Tokio (2021) pakte se nochris sulver en brûns.
Mei Akuna giet Van der Horst in nije paralympyske syklus yn fan trije jier op wei nei Parys: "Nei Tokio ha ik in perioade hân wêryn ik de tiid naam ha om te sjen oft ik wol trochgean woe. Dyn hiele libben, en dat fan dyn omjouwing, stiet yn it teken fan de topsport. Mar úteinlik begûn it dochs te kribeljen, want ik hie it gefoel dat ik noch net klear wie."

Syktocht nei nij hynder

Foar de Paralympyske Spelen fan 2024, en it trajekt der nei ta, wie wol in nij hynder nedich. En dus gie Van der Horst om tafel mei freondinne en âld-trainer Caroline Slisser. "We hebben samen een heel profiel opgesteld," fertelt Slisser, dy't ek by de presintaasje oanwêzich is.
Rixt van der Horst mei it nije hynder © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
"Het maken van dat profiel heeft ons een avondje gekost. We hebben op een rijtje gezet wat het paard moest kunnen, wat belangrijk is voor Rixt en wat de sport aan eisen stelt. En met dat profiel zijn we gaan zoeken, en hebben we ook tussenpersonen benaderd."
Akuna wie net it earste hynder dat by de syktocht nei foaren kaam: "We hebben een aantal paarden bekeken, maar die waren het om verschillende redenen niet. Van een tussenpersoon ontvingen we toen een filmpje van dit paard en daar werden we heel enthousiast van."
Akuna Matata © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
"We zijn toen naar Duitsland gereden, en daar heeft Rixt op haar gereden. Daar was ze zo enthousiast over dat we de volgende dag weer naar Duitsland zijn gegaan. Daarna waren we er snel uit."

'Goud is in dream'

Mei de help fan sponsoaren, lykas it Foppe Fûns, slagge it om fan Rixt en Akuna in duo te meitsjen dat de kommende jierren tawurkje moat nei de Spelen fan Parys yn 2024.
De wei dêrnei ta begjint dit jier al leit Van der Horst út: "Yn maaie by it NK moat ik punten helje foar it WK letter dit jier. Dat is allegear op koarte termyn, mar troch al dy wedstriden wurde wy hieltyd better. Sa makkest de kâns om dy te pleatsen foar Parys ek hieltyd grutter."
Van der Horst hat wrâldkampioen west, wûn brûnzen en sulveren medaljes op de Paralympyske Spelen en hat dus eins noch mar ien doel: "Goud is al hiel lang in doel. Of eins is it in dream dêr't ik nei tawurkje. En ik tink dat dat mei Akuna in realistyske dream is."