Krityk op Kommisje Lûdshinder: "Het is een verplichte rituele dans"

De Kommisje Lûdshinder, it COVM, is in papieren tiger wurden. De gearkomsten binne in ferplichte rituele dûns, mar wat it opsmyt is net ien dúdlik. Dy krityk komt fan skiedend lid Theo Berends.
In mobyl mjitpunt foar it F-35-lûd yn Deinum © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
De kommisje (Commissie Overleg en Voorlichting Milieu) jout frege en net frege advys oer hinder fan de fleanbasis. Der wurdt de lêste tiid benammen praat oer de lûdshinder fan de F-35 en de effekten op de folkssûnens.
Berends sit yn de kommisje út syn funksje as wethâlder fan de gemeente Noardeast-Fryslân wei. Hy nimt ôfskied om't hy net weromkomt yn it nije kolleezje.

Aginda ôfwurkje

"Ik heb het gevoel dat we een standaardagenda afwerken waarin keurig de rapportages worden behandeld. Daar wordt dan vervolgens niets mee gedaan", seit Berends.
It is gjin krityk oan definsje, sa seit de wethâlder. "Dit is zoals het landelijk is afgesproken." Mar it moat al better. "Je moet de klachten van de omwonenden beter behandelen. Ik snap ook wel dat je geen 10 krijgt van beide partijen maar we moeten wel streven naar een voldoende, of beter: een dikke voldoende."
Het is soms net als dat gezegde: we dronken een glas, deden een plas en alles bleef zoals het was.
Theo Berends
Berends krige byfal fan in oare skiedend wethâlder, Andries Bouma fan Tytsjerksteradiel: "Het is soms net als dat gezegde: we dronken een glas, deden een plas en alles bleef zoals het was." De krityk koe rekkenje op stipe fan oare kommisjeleden.
Ofpraat is dat sy op koarte termyn mei de fuotten op tafel sille om ris te sjen hoe't se it COVM slachfeardiger krije kinne. "Dat mei ek wol", stelt Geert Verf fan doarpsbelang Marsum. "As je al 30 jier sa wurkje wurdt it tiid foar feroaring."
In F-35 op de Ljouwerter fleanbasis © ANP
Foarôfgeand oan de gearkomste fan it COVM waard in presentaasje jûn oer in nije wize fan it berekkenjen fan lûd. No is der ferskil tusken hoe't definsje dat mjit en hoe't dat bart by oare fleanfjilden. Neffens Definsje kin sa folle better dúdlik makke wurde wat de oerlêst krekt is.

Nije metoade

Olav Spanjer leit út: "Het is een papieren werkelijkheid. Het geluid verandert niet maar laat wel meer zien wat de hinder is. De oude maat, de 'Ke', die is bedacht in de jaren 60 stelt dat 25 procent van de mensen hinder heeft. De nieuwe berekening, de 'Lden', laat zien dat het er overduidelijk meer zijn."
Der feroaring fan de mjitmetoade smyt in soad fragen op. Bygelyks by de gemeente Ljouwert. Want wat betsjut it foar de wenningbou?
Mar der mist wol mear, seit amtner Bertwin Kroese: "De koppeling tussen geluidsniveau en hinder van omwonenden. Wie heeft echt hinder?" De fraach is foar him dan oft it sa wol better wurdt: "Dat kan ik hier niet uit afleiden."
Op de Ljouwerter fleanbasis © ANP
Geert Verf fan doarpsbelang Marsum hie it ek graach oars sjoen: "Der hie wurke wurde moatten mei de data út it lûdsmjitnet. No wurdt wurke mei berekkeningen fan it NLR (Nederlands Lucht- en Ruimtevaartcentrum) mei data dy't geheim is. It is in miste kâns om wat te dwaan mei wat wy leare fan it lûdsmjitnet."

Oanpassing fleanpatroan

Kommandant Johan van Deventer stelt dat se op de basis drok dwaande binne om te sjen wat dien wurde kin tsjin oerlêst. "We kijken dan naar anders landen of opstijgen. Zodra we iets hebben waarvan we denken dat we het kunnen gebruiken testen we dat in de simulator en bij goed resultaat in de praktijk. Dat gaat alleen niet van vandaag op morgen."
Ferslachjouwer Hayo Bootsma leit út wêr't de kwestje om draait
Takom jier wurdt it rêstiger foar omwenners. De beide banen wurde opknapt. Se krije nije, duorsume ferljochting en in bettere en skjinnere wetterôffier. Mei dy renovaasje wurdt der net flein.