Gedicht út 1947 ynspiraasje foar nij boek oer Rypster ferset yn oarlochstiid

In lang, Frysk gedicht fan plysje- en fersetsman Albert Boonstra wie foar Sytze Hilverda de ynspiraasje foar in boek oer it ferset yn Dronryp yn de Twadde Wrâldoarloch. It boek is moandei presintearre.
It is in boek fol mei oantinkens oer it ferset yn Dronryp:
Boonstra skreau it gedicht oer it ferset nei de oarlochstiid, yn 1947. Hilverda wennet yn Dronryp. Hy kaam it gedicht tsjin doe't er nei it ferstjerren fan syn âlden harren guod oan it opromjen wie.
Omdat it gedicht sa goed as fergetten wie yn it doarp, fersoarget Hilverda no in werútjefte mei ek in oersetting yn it Hollânsk.
Gearstaller Sytze Hilverda mei syn boek © Omrop Fryslân, Remco de Vries
En it is mear wurden as dat, want Hilverda kaam ek saken tsjin út dy tiid fan syn eigen heit en mem. Syn heit wie, krekt as Boonstra, aktyf yn it ferset. Uteinlik kamen der mear en mear ferhalen los út it hiele doarp mei as resultaat in folle breder boek oer it ferset yn dy tiid.

Moedich

"Ik hoopje dat minsken it lêze en sa net ferjitte hoe moedich oft dy manlju en froulju wienen yn de besettingstiid", seit Hilverda. "De risiko's dy't se rûnen, de dieden dy't se fersetten en hoe't se elkoar fersoargen, holpen en bystienen yn in hiel drege situaasje."