Jierliks 31 bern slachtoffer deadlik fytsûngelok: aksjedei foar fytshelmen

Alle jierren moatte sa'n 70.000 fytsers nei in ûngelok nei it sikehûs. Hast 25 persint fan alle slachtoffers hat dêrby harsenletsel oprûn. Mear as 90 persint dêrfan droech gjin fytshelm. It binne lanlike sifers fan it CBS.
Der komt in aksjedei foar de fytshelm:
Dokters meitsje harren soargen oer it grutte oantal fytsûngelokken mei slim letsel. Hast de helte fan de slachtoffers bestiet út bern.
Woansdei 20 april wurdt de earste Nasjonale Dei fan de Fytshelm hâlden, in aksjedei om ekstra omtinken te freegjen foar it belang fan in fytshelm. Undersyk hat nammentlik útwiisd dat de kâns op slim hersenletsel by in fytsûngelok sa'n 60 persint lytser wurdt as de fytsers in helm op ha.
Neffens it Frysk Fytsersbûn is de situaasje yn ús provinsje minder alarmearjend. Sa soe net de helte fan de slachtoffers bestean út bern (0-17 jier), mar krekt wat minder as ienfjirde. Fan dy groep hat 2% slim harsenletsel en 11% licht letsel.
Sa krijt it MCL yn Ljouwert alle dagen wol in slachtoffer fan in fytsûngelok binnen. Op dit stuit leafst sa'n 13 persint fan it totale tal pasjinten. It MCL hat dêrom spesjaal foar de Nasjonale dei fan de Fytshelm de gearwurking socht mei de provinsje Fryslân. Mei provinsjale stipe wurdt wurdt in promoasjekampanje foar de fytshelm opset. Fia in spesjale voucher-regeling kinne fytshelms mei fikse koarting kocht wurde.
Op basisskoalle De Arke yn Makkum krije se fytsles mei de helm op © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Ek sil traumasjirurch Jeroen Poos yn de oanrin nei de lanlike aksjedei lâns ferskate basisskoallen om de skoalbern fan it belang fan in fytshelm te oertsjûgjen. "We hebben drie risicogroepen geïdentificeerd, die we willen stimuleren helmen te dragen: ouderen, e-bikers en kinderen onder de 12."

Gjin ferplichting

Fan alle skoalbern dy't in fytsûngelok krije, stjerre alle jierren sa'n 31 bern oan de gefolgen. Dochs giet it Poos te fier om in helm te ferplichtsjen. "We hebben gezien dat stimuleren helpt en verplichten geeft alleen maar tegengeluiden. Als de ouders meedoen en wij doen mee, dan komt het goed."
Op 20 april is ûnder oare yn it MCL in evenemint dêr't fytshelmen by útdield wurde ûnder it personiel foar harren bern.
Ferslachjouwer Ronnie Porte seach by in fytsles op in basisskoalle