Liander stekt 536 miljoen yn fergrutting Frysk elektrisiteitsnet

Netbehearder Liander ynvestearret de kommende trije jier 536 miljoen euro yn it elektrisiteitsnet yn Fryslân. Neffens it bedriuw binne de ynvestearrings nedich om foldwaan te kinnen oan de tanimmende fraach nei elektrisiteit.
Der wurdt mear as in heal miljard yn it elektrisiteitsnet stutsen:
Der komt ûnder mear in nij ferdielstasjon. Fierder sil de netbehearder 2.100 kilometer ekstra elektrisiteitskabels en 347 nije transformatorhúskes pleatse. Nei 2024 komme der noch mear útwreidings, meldt Liander.

Druk op it net

Nederlân is oan it oerskeakeljen nei in duorsume enerzjyfoarsjenning. Dat betsjut dat de stroom fan wyn- en sinneparken oer it elektrisiteitsnet nei de ferbrûkers ferfierd wurde moat. Liander tinkt dêrom dat yn 2031 46 fan de 65 Fryske elektrisiteitsstasjons oerbelêstige driigje te reitsjen.
"We zitten in een overgangsperiode", seit Peter Hofland fan Liander. "Het elektriciteitssysteem is honderd jaar geleden ontworpen om vanuit kolen- en gascentrales elektriciteit op te wekken en naar verbruikers te brengen."
Ynvestearje yn it elektrisiteitsnet is dêrom bot nedich, stelt Liander. De netbehearder seit dat der yn Fryslân inkelde ûntwikkelingen plakhawwe dy't in grutte ympakt hawwe op de elektrisiteitsfoarsjenning.
Liander leit nije kabels oan © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Sa soarget de oanlis fan sinneparken, de elektrifikaasje fan bedriuwsprosessen en de bou fan nije duorsume hûzen foar druk op it net. "Dat betekent dat we het ontwerp van het elektriciteitsnet moeten veranderen. Met deze investeringen hopen we ervoor te zorgen een toekomstbestendig elektriciteitsnet hebben."

Nije elektrisiteitsstasjons

Liander sil de elektrisiteitsstasjons by De Lemmer en Burgum útwreidzje mei nije transformatoaren. Yn Wolvegea, Easterwâlde, Dokkum, Holwert en op It Amelân is dat al bard. By Boalsert komt in nij stasjon en der binne plannen foar in nij elektrisiteitsstasjon by Ljouwert.
It bedriuw ferwachtet al dizze stasjons yn de kommende trije jier yn gebrûk nimme te kinnen. Nei 2024 stiet de bou fan noch mear elektrisiteitsstasjons op it programma.

Is it genôch?

Oft dat foldwaande is om it elektrisiteitsnet klear te meitsjen foar de takomst is lykwols noch mar de fraach. "Er zijn onzekerheden, ook wij hebben geen glazen bol", seit Hofland. "Vorig jaar gingen we er nog vanuit dat er in 2030 1,9 miljoen elektrische auto's zouden zijn. De verwachting is nu al dat het er 2,4 miljoen zullen zijn. Dat komt door aangepaste subsidieregels. Wij proberen op dat soort ontwikkelingen in te spelen door een veilige marge te nemen."
Peter Hofland fan Liander oer de ynvestearring
Wethâlder Bert Wassink is út syn gemeente Ljouwert wei bliid dat it probleem op it net no oanpakt wurdt. Want de mienskip wurdt der hieltyd mear mei konfrontearre. Wassink jout wol oan dat it net samar oplost is, want foar nije romtlike plannen moatte ek wer tal fan prosedueren folge wurde.
Wethâlder Bert Wassink fan Ljouwert