Shorttrackmanlju pakke sulver op WK, froulju ride nei brûns

Sjinkie Knegt, Itzhak de Laat en Sven Roes ha mei de relayploech sulver pakt op it WK shorttrack yn Montreal (Kanada). De froulju, mei Rianne de Vries, pakten brûns.
Sjinkie Knegt © Orange Pictures
It gong yn de manljusfinale tusken Kanada, Nederlân en Súd-Koreä. Hongarije foel healweis de race en die net mear mei foar in medalje.
Sven Roes klom oan de ein fan de race even nei it earste plak, mar de Koreanen wiene te sterk en gongen Nederlân noch wer foarby. Nederlân ried mei Friso Emons en de Friezen Knegt, De Laat en Roes.
Ferline jier yn Dordrecht waard Nederlân wrâldkampioen. Doe bestie de ploech út Knegt, De Laat, Daan Breeuwsma en Jens van 't Wout.

Net skamje

De Laat wie de ôfmakker foar Nederlân. "Ik ben blij dat we het hier goed af kunnen sluiten", sei er nei ôfrin tsjin de NOS. "Helemaal na de deceptie van de Spelen. We hebben nu een goede relay laten zien en hoeven ons niet te schamen met het zilver."
Knegt hat derfan geniete, fertelt er. "It wienen moaie races, dêr kin ik gewoan fan genietsje. En oft je dan twadde of tredde wurde, dat makket ek net safolle út."
Foar Roes wie it syn earste WK-medalje. "We gingen er losjes in, zonder echt plan. Dat pakte best goed uit, de snelheid zat er goed in."
De 22-jierrige Roes wie yn duel mei Charles Hamelin (37). "Ik dacht: ik pak 'm even! Maar ik verloor wat snelheid, waardoor ik Sjinkie niet goed kon duwen. Dan merk je hoe sterk Hamelin eigenlijk is."

Froulju brûns

De frouljusploech, mei Rianne de Vries, Xandra Velzeboer, Selma Poutsma en Yara van Kerkhof, pakte snein it brûns.
Rianne de Vries yn Montreal © Orange Pictures
Súd-Koreä pakte yn in spannende finale it goud. Dy leinen lang tredde, mar Minjeong Choi ried Kanada en Nederlân yn de lêste bocht noch foarby.
It brûns is foar Rianne de Vries de tredde WK-medalje yn har karriêre. Ferline jier pakte se yn Dordrecht goud mei de relayfroulju, yn 2018 (doe ek al yn Montreal) sulver.

Knegt sechsde

Yn it yndivuele toernoai einige Sjinkie Knegt sechsde yn it einklassemint. Itzhak de Laat waard njoggende.
Sjinkie Knegt ûntwykt Stijn Desmet © ANP
Knegt waard snein earst útskeakele yn de kwartfinale fan de 1000 meter. Hy krige in penalty. Yn de striid om it twadde plak gong Knegt de bocht yn mei de Belch Stijn Desmet. Syn earm gong nei it iis foar Desmet en de skiedsrjocher beoardiele it as in earmblok.
De 1000 meter waard wûn troch Shaoang Liu út Hongarije. Hy wûn ek de 500 en 1500 meter en wie al wrâldkampioen foardat de superfinale ferriden waard.

Knegt tredde yn superfinale

Nei trije ôfstannen ried de top acht noch de superfinale. Knegt stie sânde en waard tredde yn de superfinale. Dêrtroch klom er noch ien plak en einige hy as sechsde yn it einklassemint mei 21 punten.
Knegt wie de iennige Fries yn de superfinale, want Itzhak de Laat foel krekt bûten de top acht. Hy einige as njoggende.
Rianne de Vries einiget as tredde yn de kwartfinale © Orange Pictures
Rianne de Vries helle de heale finale op de 1000 meter. Se waard tredde efter Xandra Velzeboer en de Italiaanse Cynthia Mascitto, mar se mocht as tiidsnelste troch nei de heale finale.
Yn de heale finale waard De Vries fjirde. Dêrmei giet se nei de B-finale, dêr't se tredde yn waard. Nei trije B-finales sit it yndividuele toernoai derop foar De Vries. Yn de lêste B-finale pakte se noch ien punt, dêrmei einiget se as trettjinde yn it einklassemint.

Choi wrâldkampioene

De 1000 meter waard wûn troch Minjeong Choi, foar Kim Boutin en Xandra Velzeboer.
Choi waard ek wrâldkampioene troch yn it einklassemint as earste te einigjen. Se is dêrmei de opfolger fan Suzanne Schulting. Choi wûn de superfinale foar Boutin. Velzeboer waard fjirde en einige yn it einklassemint as tredde.