VC Snits set grutte stap op wei nei heale finale play-offs

De follybalsters fan VC Snits ha snein yn in thriller de earste wedstriid yn kwartfinale fan de play-offs wûn. Op besite by VV Utrecht waard it 2-3.
Anlène van der Meer © Orange Pictures
Ferline wike wûn Snits de lêste kompetysjewedstriid noch mei 0-3 op besite by datselde Utrecht. Dizze snein gong it in stik muoisumer. De start wie noch prima, want de Friezinnen pakten de earste set mei 15-25.
Dêrnei wie Snits it even kwyt. Utrecht pakte de twadde (25-20) en de tredde set (25-17). Snits moast yn de achterfolging en dat slagge. Mei 19-25 waard in beslissende fiifde set ôftwongen. Dêryn wienen de Snitsers mei 11-15 te sterk.
Oare wike steane de twa ploegen opnij tsjinoer elkoar, dan yn Snits. By winst giet Snits troch nei de heale finale. As it oer twa wedstriden lyk is, dan komt der in 'golden set'.