Tatakele Cambuur komt krekt tekoart tsjin Vitesse

In swier havene SC Cambuur hat him goed ferward tsjin Vitesse, mar de Ljouwerters geane sûnder punten werom nei hûs: it waard 1-0.
Roberts Uldrikis © Orange Pictures
De Ljouwerters misten tsien spilers fanwegen búkgryp. Cambuur hie frege om de wedstriid út te stellen, mar dêr gong fuotbalbûn KNVB net mei akkoart. It betsjutte dat Cambuur oan de ôftraap stie sûnder bygelyks Doke Schmidt, Mees Hoedemakers en Robin Maulun.
Opstelling SC Cambuur: Bos; Tol, Mac-Intosch, Schouten, Bangura; Jacobs, Ter Heide, Paulissen; Joosten, Uldrikis, Kallon
Mei de beheinde seleksje hold Cambuur goed stân. Vitesse like al gau in strafskop te krijen, mar nei yngripen fan de VAR waard dat weromdraaid: foar de oertrêding fan Bangura wie der al sprake fan bûtenspul.
De thúsploech hie dêrnei wol mear balbesit, mar in hiel soad kânsen joech Cambuur net fuort. Thomas Buitink en Loic Openda hienen kopkânskes, mar dêr bleau it lange tiid by.

Bos sterk

Pas nei in healoere spyljen wie de earste echte gefaarlike situaasje foar de goal fan Pieter Bos. De Cambuurdoelman grypte twa kear goed yn en foarkaam de iepeningstreffer.
Dy foel flak foar it skoft dochs. Nei in knappe oanfal, fia Eli Dasa en Matus Bero, kaam spits Openda yn syn ientsje op Bos ôf. De Belch makke dizze kâns wol ôf: 1-0.
Patrick Joosten baalt nei de goal fan Vitesse © Orange Pictures
Yn de twadde helte wie it wedstriidbyld ferlykber. Vitesse hie folle mear de bal, mar kaam net ta in soad hiel grutte kânsen. Openda skeat bygelyks neist en Bos pakte in skot fan Huisman.

Uldrikis bûtenspul

Sa hold Cambuur útsicht op in resultaat yn Arnhem. Roberts Uldrikis tocht sels even te skoaren, mar hy miste in hiel grutte kâns. Achterôf makke dat neat út, want dêrnei gong de flagge de loft yn foar bûtenspul.
In echt slotoffinsyf fan de Ljouwerters kaam der net. It matich spyljende Vitesse hold de kontrôle. Bos moast noch in pear kear yngripe om syn ploech yn de wedstriid te hâlden en Mac-Intosch helle sels in bal fan de line.

Fiifde ferlies op rige

De oerwinning fan Vitesse kaam net mear yn gefaar. Foar Cambuur betsjut it it fiifde ferlies op in rige. De Ljouwerters steane no tolfde, ien plak ûnder sc Hearrenfean.