Ungelokkige Sjinkie Knegt pakt krekt gjin medalje op WK shorttrack

Sjinkie Knegt is fjirde wurden op de 1500 meter op it wrâldkampioenskip shorttrack. Yn Montreal einige er yn in race mei tsjinslaggen krekt efter in medalje.
Sjinkie Knegt op it WK yn Montreal © Omrop Fryslân
Knegt seach yn it begjin fan de finale de Italiaan Luca Spechenhauser fallen, wêrtroch't Knegt ynhâlde moast. Hy moast flink wat meters goedmeitsje en koe oan de ein noch meidwaan om in medalje.
Hy gong de Koreäan Seo noch knap foarby, mar kaam krekt te tekoart om de Belch Stijn Desmet foarby te gean foar in brûnzen medalje. De regearjend wrâldkampioen Shaoang Liu út Hongarije wûn de race, foar Pascal Dion en Desmet.

De Laat twadde yn B-finale

Itzhak de Laat waard twadde yn de B-finale. Hy siet mei Knegt yn de deselde race yn de heale finale. Liu wûn dy race, Knegt waard twadde en beide gongen troch nei de A-finale. De Laat moast nei de B-finale en waard dêryn efter de Frânsman Sébastien Lepape twadde.
Rianne de Vries waard yn de B-finale passearre troch Huot-Marchand © Orange Pictures
Rianne de Vries waard tredde yn de B-finale op de 1.500 meter. Se helle de finale krekt net. Se waard yn de heale finale tredde en dat wie krekt net genôch foar in A-finale.
Xandra Velzeboer wie de beste Nederlanner. Se waard sechsde. De 1500 meter waard wûn troch Minjeong Choi út Súd-Koreä.

Friezen op 500 meter

Itzhak de Laat helle op de 500 meter de heale finale, dêr't er tredde yn waard. Dêrtroch helle hy wer de B-finale. Dêryn waard de Ljouwerter twadde. Shaoang Liu wûn earder al de 1500 meter en no ek de 500 meter.
Knegt waard freed útskeakele op de 500 meter troch in penalty. Knegt sil snein noch wol de 1000 meter ride. Dêrop krige De Laat earder al in penalty.
De Laat kin de superfinale noch helje, mar omdat hy de 1000 meter net mear rydt, is hy ôfhinklik fan de prestaasjes fan oaren. Hy stiet no dield sânde en de bêste acht meie de superfinale ride. Knegt stiet sechsde en rydt snein wol noch de 1000 meter.

Velzeboer wrâldkampioen 500 meter

Op de 500 meter by de froulju waard Rianne de Vries fuort yn de kwartfinale útskeakele. Se waard fjirde yn har race, dy't wûn waard troch Velzeboer. Dyselde Velzeboer pakte de gouden medalje. Se wûn de finale foar Kim Boutin. Yara van Kerkhof waard tredde en pakte dêrmei in brûnzen medalje.

Relayploegen nei de finale

De Nederlânske frouljusploech is troch nei de relay-finale fan snein. De Nederlânske froulju waarden earste yn de heale finale foar Italië en Poalen. Snein is de finale mei njonken Nederlân en Italië ek Súd-Kore en Kanada.
De Nederlânske ploech rydt mei Rianne de Vries, Yara van Kerkhof, Xandra Velzeboer en Selma Poutsma.
De Nederlânske manlju hellen ek de finale troch harren heale finale te winnen. Healweis de race rieden Kanada en Nederlân by Frankryk wei en dy kamen net mear by de earste twa yn de buert.
Snein is de finale mei Nederlân, Kanada, Súd-Koreä en Hongarije. Nederlân docht dat mei Sjinkie Knegt, Itzhak de Laat, Sven Roes en Friso Emons.
De relayfinales binne sneintejûn om 22.05 oere.

Klassemint by de manlju: