Ferwûne by iepening fan skûtsjeseizoen op Langwarder Wielen

Nei twa jier is it Skûtsjesilen Langwar wer úteinset. De earste skûtsjewedstriid fan it seizoen wie fuort ien om net gau te ferjitten.
In bemanningslid rekke ferwûne en moast nei it sikehûs ta:
Fanwege de hurde wyn holden guon teams earder op. It skûtsje Gerrit de Vries fan Snits hold sels op om't in bemanningslid ferwûne rekke. In jonge frou moast nei it sikehûs.
"We tochten dat we alles noch yn de fingers hienen, mar dat foel ôf", seit Sipke Brinksma fan de organisaasje. "De draaiboeken leinen klear, mar nei twa jier glydzje in soad dingen der wat út. We hawwe it sa goed as mooglik probearre, mar guon dingen gienen wat stroef."

Under de yndruk fan hurde wyn

Skipper Ulbe Zwaga fan skûtsje De Waaksdom fan De Jouwer wie ûnder de yndruk fan de hurde wyn: "Dit is by fleagen ferskriklik hurd. It naaide derút, dat ik kin dy belove."
It koe dêrom ek net sa skerp as oars, fûn Zwaga. "Dy risiko's binne te grut. Ast sa'n dikke fleach krijst, dat is net te dwaan. Dan hast deaden, dat wolst ek net."
Is it wol ferantwurde dan? "Dat moat de organisaasje sizze", fynt Zwaga. "As sy sizze dat we net sile kinne, dan hâlde we it op."

Even oanpasse

Neffens Brinksma wie it foar in soad teams wer efkes wennen: "Der sitte in soad nije minsken by. Troch corona hawwe ek in soad minsken nije hobbys socht. Dan is it wolris oanpassen."
Snein wurdt opnij syld op de Langwarder Wielen. Dêrnei folget de priisútrikking.