Emoji fan Fryske flagge komt der allinnich as Fryslân ûnôfhinlik wurdt

Der liket definityf gjin Fryske flagge-emoji te kommen. Twa jier lyn begûn Operaasje Fryske Flagge: in kampanje om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Sit de doar no ticht, of is der noch hoop?
Operaasje Fryske Flagge © Omrop Fryslân
It is 3 augustus 2019, in gewoane sneon yn 'e simmer. Op Instagram komt in plaatsje fan in Fryske flagge-emoji mei de tekst: "Deel dit olles om te helpen nei disse emoji." Der moat in Fryske flagge-emoji komme, sa is it idee, en it docht bliken dat dêr ek wol stipe foar is.
Der komme in soad reaksjes op de oprop en dan begjint it baltsje de rôljen.
Wat is in emoji?
In emoji is een 'plaatsje' dat yn it toetseboerd fan dyn telefoan sit. Bygelyks in smiley, in tomke omheech of de Nederlânske flagge. Dizze kinst dan bygelyks fia WhatsApp ferstjoere. Minsken stjoere in emoji om emoasje oan in tekst ta te heakjen.
Dat der animo foar is, betsjut lykwols net dat der fuort in Fryske flagge-emoji komme kin.

Hoe krije je in eigen emoji?

De non-profitorganisaasje Unicode giet oer de emoji's. Unicode bepaalt dus ek watfoar nije emoji's tastien wurde. Want as der in nije emoji komt, dan moat dat op allegearre tastellen wurkje en dat is net samar klear.
Eltensien kin in emoji yntsjinje. Dêrfoar moatte je in dokumint opstelle dêr't yn stiet wêrom't dy emoji der komme moat. Je moatte oanjaan hoe't de emoji derútsjen moat, mar ek oft der draachflak foar is. Want hoe moai in emoji ek is: as minsken him net brûke, dan smyt it ek net in soad op.
Emoji's fan Apple © Omrop Fryslân
It kin wol in goed jier duorje foardat it hiele trajekt 'klear' is. Dêrby moat de emoji ek troch in keuring komme. As de emoji ôfkard wurdt, betsjut it dat dy emoji der hielendal net komt. Pas nei twa jier kinst wer in it wer besykje om de emoji opnij yn te tsjinjen.

Operaasje Fryske Flagge

Omrop Fryslân sjocht sa'n Fryske flagge-emoji wol sitten. Om dêr draachflak foar te krijen is de Omrop twa jier lyn úteinset mei Operaasje Fryske Flagge: om sjen te litten dat oer de hiele wrâld Friezen sitte. Mar dus ek dat der oer de hiele wrâld draachflak is foar in Fryske flagge-emoji.
© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân begûn foto's te sammeljen fan Friezen om utens mei Fryske flaggen. Friezen dy't oer de hiele wrâld wenje.
Alle wiken komt in Fries om utens oan bar mei syn of har ferhaal. It ultime doel wie om in eigen emoji fan de Fryske flagge op de smartphone te krijen.
Op de webside www.omropfryslan.nl/fryskeflagge stiet de kaart dêr't alle Fryske flaggen fan ús operaasje op steane. Yn totaal hawwe al 268 Friezen harren foto en ferhaal ynstjoerd.
Spitigernôch liket it derop dat de doar dochs tichtsmiten is foar in Fryske flagge-emoji. In oanfraachperioade foar nije emoji's rint fan 4 april oant en mei 31 july, mar Unicode hat oankundige dat fersiken foar flaggen dêryn net mear akseptearre wurde.
Der is ien groep emoji's dêr't Unicode Consortium net langer foarstellen foar akseptearje sil: flagge-emoji's fan watfoar kategory dan ek.
Unicode
Koartsein: oanfragen foar in flagge-emoji komme der net mear troch.

Unicode hat it net sa op flaggen

Dat komt omdat in soad flaggen feroarje yn 'e rin fan 'e tiid. Dêr komt by dat de kategory 'flaggen' yn it gehiel fan emoji's it minst populêr is, mar tagelyk wol de grutste kategory is. Want der binne in lytse 260 flaggen, en dus ek emoji's. Yn de list fan meast brûkte emoji's stiet in flagge pas op plak 212. Dat is de emoji fan in reade flagge.
We witte dat it sluten fan dizze doar miskien as in teloarstelling komt - flaggen tsjinje as in gjalp om sjoen, heard, erkend en begrepen te wurden.
Unicode
Al mei al docht út de sifers bliken dat it net in soad opsmyt en dat Unicode net mear sa'n nocht oan flaggen hat.

Is der noch hoop?

No liket it wol oft de doar ticht sit, mar der is noch wol in hiel lyts bytsje hoop foar in Fryske flagge-emoji. Sa stiet der ek noch:
Wachtsje efkes, as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO, betsjut dat dat der gjin flagge-emoji fan dat lân komt?
Flaggen foar lannen mei Unicode regiokoades wurde automatysk oanret, sûnder dat der in fersyk nedich is! Harren koades en nammen wurde earst taheakke oan Unicode syn lokale opslachplak (CLDR) en dan wurdt de emoji tastien in de folgjende ferzje fan Unicode. Dizze emoji's wurde ek automatysk oanret foar algemien gebrûk en wurde breed útrôle.
Dat betsjut dat as Fryslân oait in selsstannich lân wurdt, der automatysk in Fryske flagge-emoji komt. De ynternasjonale ISO (Internationale Organisatie voor Standaardisatie) moat it lân dêrfoar erkenne. De flagge-emoji komt yn sa'n gefal fansels, in fersyk is dan hielendal net mear nedich.
De fraach is hoe realistysk it no is oft der oait in Fryske flagge-emoji komme sil. Miskien is in pompeblêd-emoji in better alternatyf?