Hegere hypoteekrinte makket it noch dreger foar starters

It wie al hast ûnmooglik foar starters om in hûs te keapjen, mar de ôfrûne tiid is dat noch dreger wurden. Dat hat ûnder mear te krijen mei de hypoteekrinte, dy't yn inkelde moannen bot heger wurden is.
Foar in wenning fan 250.000 euro mei in rintefêstperioade fan tweintich jier, betellest no al goed hûndert euro yn 'e moanne mear as twa moannen ferlyn.
Yvonne Soepboer (30) fan Broeksterwâld is sels al jierren op syk nei in keapwenning. Mar as allinnesteande en as starter is it foar har ûnmooglik om te slagjen yn har syktocht. Mei in dûbeld gefoel is Yvonne Soepboer no putsjes oan it dwaan yn har nije hierhûs; in senioarewenning mei mar ien sliepkeamer.

"Rêdst it net"

"Ik woe hiel graach in keapwenning ha, ek om wat op te bouwen", fertelt se. "In eigen plakje, mei it each op de takomst. Mar as je allinnich binne, ek al wurkje je fulltime, dan rêde je it noch net op de wenningmerk."
Yvonne Soepboer fan Broeksterwâld. © Omrop Fryslân, Mats Gies
Der steane yn 'e regio hast gjin wenningen te keap. De fraach is folle grutter as it oanbod, wat ta hege prizen en bot oerbiede liedt. No't de hypoteekrinte de lêste moannen omheech giet, wurdt it allinne mar dreger foar wenningkeapers. De moanlikse lêsten fan de liening wurde heger en it maksimale lienbedrach wurdt leger.
"Minsken komme binnen en sitte eins altyd al op de maks", sjocht finansjeel adviseur Jacob Kootstra fan Bûtenpost. "Dat giet foaral om starters. Se binne in pear jier oan it wurk en tinke: wy kinne wol wat liene. Mar der is oeral in huzetekoart. As starter komst der hast net mear oan te pas."
Finansjeel adviseur Jacob Kootstra fan Bûtenpost. © Omrop Fryslân, Mats Gies
Foar Yvonne sit der neat oars op. Sy bliuwt foarearst twongen yn har hierwenning. "Dat is net leuk. It is in senioarewenning. As je dêr as 30-jierrige wenje, is dat eins de omkearde wrâld. Ek as je bygelyks oan bern en in famylje begjinne wolle, dan kin dat hjir eins net."