BFVW besiket aaisykjen wer op Unesco-list te krijen

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) besiket opnij it aaisykjen op de Unesco list fan 'Immaterieel Erfgoed' te krijen. Dat makke it bestjoer freedtejûn bekend op de algemiene ledegearkomste yn Wommels.
Nêst mei ljipaaien © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Yn 2012 is dat ek alris besocht en doetiids bestie it aaisykjen noch. Op de webside fan it Immaterieel Erfgoed leit it BFVW ek út dat de tradysje no yn in oare foarm noch bestiet troch it huldigjen fan de finer fan it earste aai en it ynsetten fan it aaisykjen foar de beskerming fan de aaien.
Yn juny sjocht in toetsingskommisje nei de oanfraach.
It BFVW hopet dat it yn novimber safier is dat sy op de list stean. It bûn wol ek op in oare wize de ferbining mei de wrâld bûten de Fûgelwachten fersterkje troch de Fûgels yn Fryslân-app.

Fergees beskikber

Dy wurdt no brûkt troch fûgelwachters om bygelyks nêsten yn te fieren, mar komt no fergees beskikber foar eltsenien. Je kinne der thús túnfûgels ynfiere en fûgelers kinne it brûke as in notysjeboekje foar ûnderweis. En fûgelwachters kinne no ek saken fan bûten harren eigen wachtgebiet ynfiere.
In ljip © Shutterstock.com (Dennis Jacobsen)
Ek it provinsjale subsydzjebelied kaam foarby. Ofsjoen fan de natuerbehearders lykas Staatsbosbeheer, It Fryske Gea en Natuurmonuminten gean dy subsydzjes nei it agrarysk natuerbehear. Provinsjaal jild dêr bûten om krije, is eins net te dwaan.

Wjukkelbunders

Yn de nije greidefûgelnota is dêrfoar no wol in regeling opnaam, mar no wurdt dúdlik dat it net slagget om dat dit jier yn te fieren.
Dêrom wurdt in âlde regeling mooglik tydlik wer yn gebrûk naam; de 'vliegende euro's' of 'wjukkelbunders' om sa ek bûten de grutte greidefûgelgebieten boeren of oare behearders in kâns te jaan. Neffens it BFVW foldocht dy regeling net, omdat dy benammen op skriezen rjochte is.

Mear gearwurking

Yn Wommels is ek ôfskied naam fan foarsitter Frans Kloosterman, dy't hobbyboer wurdt yn Sweden. Yn syn ôfskiedstaspraak helle hy in rapport oan fan de Raad voor de Leefomgeving en Infrastructuur dêr't yn stiet dat de Nederlânske natuer der min foarstiet.
In soad minsken witte net wat sy misse, omdat sy de eardere rykdom mar kwealik meimakke ha. Kloosterman rôp op ta mear gearwurking en minder polarisaasje.