Rianne de Vries begjint goed oan WK shorttrack; penalty foar Knegt en De Laat

Sjinkie Knegt is op it wrâldkampioenskip shorttrack útskeakele op de 500 meter. Hy krige in penalty. Itzhak de Laat krige in penalty op de 1000 meter. Rianne de Vries oerlibbe wol alle foarronden fan it WK yn Montreal.
Rianne de Vries © Orange Pictures
Troch it ûntbrekken fan Suzanne Schulting dogge no net fjouwer, mar trije Friezen mei oan it yndividuele toernoai. Sven Roes komt sneon en snein noch yn aksje by de relay. Freed waarden de foarronden fan trije ferskillende ôfstannen ferriden.

1500 meter

Itzhak de Laat begûn as earste Nederlanner en waard yn syn race op de 1500 meter kreas twadde en pleatste him dêrmei foar de heale finales fan sneon.
Knegt hie it wat dreger. Lang ried hy efter de Koreaan Kim as twadde, mar hy seach Roberts Kruzbergs en Thomas Nadilini him foarby gean. Krekt foar de lêste bocht koe hy Nadilini lykwols noch ynhelje en hy wist dat it tredde plak genôch wie foar in plak yn de finale.
Rianne de Vries waard twadde yn har heat. Op grutte efterstân fan de favoryt foar de wrâldtitel Choi, mar rom genôch om har te pleatsen foar de heale finales. Dat diene Yara van Kerkhof (tredde yn har heat) en Xandra Velzeboer (twadde yn har heat) ek.

500 meter

Op de 500 meter rûn it foar Knegt út op in desepsje. De earste ronde oerlibbe hy wol, mar dêrnei moast hy op it fjirde plak starte en dat is by de 500 meter nochal belangryk. Syn start wie net goed en yn in alles of net poging yn de lêste bocht, rekke hy de Italjaan Luca Spechenhasuer en krige hy in penalty.
De Laat wûn twa kear syn race en pleatst him wol foar de kwartfinales fan sneon.
Ek Rianne de Vries hat de kwartfinale helle. Se waard tredde, mar mocht as tiidfluchste troch nei de kwartfinale. Velzeboer en Van Kerkhof pleatsten harren ek.

1000 meter

De Laat seach yn syn earste race op de 1000 meter dat de Ier Liam O'Brien him in set joech. De Ier krige in penalty en De Laat waard automatysk trochset nei de folgjende ronde. Yn de race dêrnei gong it mis. De Laat besocht de Quentin Fercoq yn te heljen, gong sels ûnderút en naam de Frânsman mei. De Laat krige dêrfoar in penalty en is dus útskeakele op de 1000 meter.
Knegt waard yn syn earste ronde ienfâldich twadde en gong troch nei de folgjende. Dêryn bleau er sûnder gefaar om ynhelle te wurden twadde en op de 1000 meter rydt Knegt snein de kwartfinale.
De Vries waard yn har race tredde, mar pleatste har as ien fan de tiidfluchsten foar de kwartfinale fan snein. Ek de oare Nederlânske froulju, Velzeboer en Van Kerkhof, gean troch nei de kwartfinale.
Oersjoch fan de Nederlânske prestaasjes: