Flinke stikstofreduksje yn stâlen troch fining fan Gordykster bedriuw

It bedriuw FarMin fan De Gordyk hat in mooglike oplossing foar de stikstofútstjit by boerebedriuwen. Troch magnesiumchloride troch de dong te mingen, komt der minder ammoniak frij.
Skjinnere dong fan De Gordyk:
De dong is net allinne skjinner, it hat ek in hegere kwaliteit as dongprodukt, seit direkteur Andries Huisman. Hy is al sân jier mei it prosedee dwaande. Ek wurdt it idee testen op de Dairy Campus yn Ljouwert. Dêr binne de resultaten goed, seit Huisman.
Ien fan de boeren dy't oant it eksperimint mei magnesiumchloride meidocht, is Henk Mulder fan Nijhoarne. Mei in tank foarop syn minyshovel bringt hy de floeibere magnesiumchloride yn de stâl.

Bettere dong

Dêr wurdt it troch in mikser troch de dong mongen. Foar Mulder is de kar foar it produkt in hiel logyske, omdat hy der bettere dong fan krijt en besparje kin op keunstdong.
Yn in tiid dat de prizen fan keunstdong en enerzjy omheech geane, soarget dat foar in flinke besparring. Mulder is sûnt in healjier mei it prosedee dwaande. Hy fernimt dat syn dong no folle minder stjonkt. It effekt op de groei fan it gers moat yn de rin fan dit jier blike.
Henk Mulder eksperimintearret mei magnesiumchloride © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Op oare buorkerijen is de metoade al wol langer tapast, fertelt Huisman. Dêr is de opbringst en de kwaliteit fan it gers neffens him in stik better as op de tradisjonele wize mei keunstdong.

Ammoniak bine

De magnesiumchloride bynt de ammoniak yn de dongkelder wêrtroch't de stikstofútstjit út de stâl mei sa'n 40 persint sakket, leit Huisman út.
De ammoniak yn 'e stâl wurdt bûn troch de magnesiumchloride en sa omset yn it kristal struvyt. Dat is better foar de grûn en soarget ek foar in bettere groei fan gewaaksen sa as gers en weet. Sa kin der flink besparre wurde op keunstdong.
Huisman hat syn produkt al presintearre by it bestjoer fan de trije noardlike provinsjes. It idee past by oare wizen om de stikstof werom te bringen, sa as ferleging fan it aaiwyt yn it fretten en wetter byminge yn de dong.
Direkteur Andries Huisman fan FarMin © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
FarMin wol stikstof besparje troch ammoniak te binen
Hy neamt de effekten derfan it leechhingjend fruit dat troch de polityk hiel maklik brûkt wurde kin as bydrage om it stikstofprobleem op te lossen.

Leechhingjend fruit

Neffens him jout dat nij perspektyf foar de boeren en is útkeap fan buorkerijen by natuergebieten sa ek net nedich. Huisman seit dat der yn febrewaris al ôfspraken makke binne mei de trije provinsjes om it leechhingjend fruit te benutten.
Huisman hat syn metoade net ûntwikkele om it stikstofprobleem op te lossen. Syn earste doel wie om de kwaliteit fan it gewaaks te ferbetterjen. De legere stikstofútstjit is in moaie bykomstichheid.

Grutte winst foar NOM

FarMin krijt fia magnesiumsâltprodusint Nedmag út Veendam ek stipe fan de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij, de NOM.
Dy NOM makke freed in histoarysk hege winst fan 40 miljoen euro bekend oer it jier 2021. Dat wie foaral it gefolch fan de suksesfolle ferkeap fan it digitale feilinghûs Catawiki, fertelt direkteur Dina Boonstra.
Dina Boonstra oer de winst fan de NOM