Briefkes fersteure formaasje Skier: "Het maakt het eiland kapot"

Hoewol't Ons Belang op Skiermûntseach mei de ferkiezingen de grutste waard, liket it der op dat dizze partij net yn it kolleezje komt. Neffens ynformateur Albert Rodenboog waarden de ferhâldingen fersteurd troch 'persoonlijke aantijgingen'.
It gemeentehûs fan Skiermûntseach © ANP
Yn syn rapport skriuwt de ynformateur dat alle trije de partijen - Ons Belang, Schiermonniksoog Belang en Samen voor Schiermonnikoog - soargen hawwe oer skealike berjochten dy't op it eilân rûngean.
Riedsleden fan alle partijen wurde fan bûten ôf benei kaam troch anonime berjochten, dy't persoanlik oan de riedsleden rjochte binne en thús yn de brievebus of fia sosjale media ferstjoerd wurde.

'Persoonlijke aantijgingen'

Dy briefkes lykje de ûnderlinge ferhâldingen te fersteuren. De ynformateur skriuwt oer 'tendentieuze berichtgeving' en oer 'persoonlijke aantijgingen als leugenaar'. It is net te akseptearjen, seit Rodenboog. "Het maakt het eiland kapot", sa stiet yn it ferslach.
Schiermonniksoog Belang wrakselet mei de 'agressieve wijze' dêr't riedsleden op bejegene binne. Nei it ferkiezingsdebat binne der briefkes besoarge en op sosjale media en fia folders wurde partijen op in ferfelende wize delset. It is krekt oft der in 'fjirde partij' is, dêr't net iepen en earlik mei praat wurde kin.
Ons Belang, dat by de ferkiezings 45 persint fan de stimmen krige, hie it gefoel dat oare partijen har der fan fertinke soene dat sy der efter sitte. Mar de partij seit sels mei klam dat sy der net by belutsen is en ek net wit wêr't it wei komt.

Besprekber meitsje

It sit eltsenien dwers, skriuwt de ynformateur. Alle partijen binne ree om it besprekber te meitsjen. It foarstel fan de ynformateur is om hjir oan it begjin fan de riedsperioade mei help fan eksterne begeleiding tiid foar frij te meitsjen.
© ANP
Mei it each op de ferkiezingsútslach leit it foar de hân dat Ons Belang yn it kolleezje komt, mar ynformateur Albert Rodenboog is yntusken ta de konklúzje kaam dat dit noch net sa maklik leit.
Ons Belang wol sels graach bestjoere, mar it hat dêr mei 4 fan de 9 sitten noch wol in oare partij foar nedich.

Te min betrouwen

Ons Belang wol graach mei Schiermonnikoogs Belang, mar dy fraksje fielt ûnwissens by de gearwurking.
De programmatyske ferskillen soene net al te grut wêze, brekpunten binne der ek net. Mar de twa oare partijen wolle 'om diverse redenen' net mei Ons Belang, skriuwt de ynformateur. It meast wichtige punt is it ûntbrekken fan betrouwen.
It is no oan de twadde partij, Samen voor Schiermonnikoog, om in formateur te sykjen. Sy sille dan in koälysje foarmje mei Schiermonnikoogs Belang. Neffens de ynformateur is der iepenhertich praat.