Nei mear as 20 stakingen liket der in akkoart oer cao yn metaal

Der is in akkoart oer in nije cao yn de metaalsektor. De measte fakbûnen en wurkjouwers yn de metaal en technyk binne it iens wurden en dat betsjut ek dat der nei alle gedachten in ein komt oan de stakingen yn ús provinsje.
Aksje yn Fryslân © LEO Middelsé, Lennard Geerts
Allinne de Koninklijke Metaalunie (KMU) is noch net akkoart, mar fakbûnen FNV Metaal, CNV Vakmensen en De Unie binne wol akkoart mei wurkjouwersklup Federatie Werkgeversorganisaties Techniek (FWT).
FNV en CNV fine it ûnbegryplik dat de KMU noch net grien ljocht jûn hat, mar hawwe wol de hoop dat de cao noch tekene wurdt.

Druk set

"De KMU heeft echt op het allerlaatste moment de keutel toch weer ingetrokken. Ze leken eerst akkoord te gaan", seit Wilma Nieveen fan it fakbûn FNV.
De resultaten binne wol goed genôch om oan de leden foar te lizzen. "We hebben KMU de tijd gegeven om voor 15 april aan te sluiten. Doen ze dat niet, dan volgen er toch nog weer stakingen. Er is zeven maanden lang in verschillende bedrijven door het hele lang actie gevoerd. Dat heeft druk gezet, waardoor de werkgevers zijn gaan bewegen."

7,4 persint mear lean

Wurknimmers moatte der yn it kommende jier yn trochsneed mei 7,4 persint op foarút gean. Ek it lean foar jongelju moat tanimme. "Juist voor de jeugdlonen heeft het een enorm effect, die kunnen wel met 10 procent omhoog gaan. Dat is belangrijk, want er zijn tekorten en er is weinig instroom in het vak", seit Nieveen.
Wilma Nieveen fan it fakbûn FNV
Yn totaal binne der sa'n 320.000 minsken yn Nederlân oan it wurk yn de sektor.
Yn oktober rûnen de ûnderhannelingen noch fêst. Der is mear as tweintich kear staakt, faak troch in pear hûndert minsken de kear. Dat barde ek faak yn Fryslân, bygelyks yn Ljouwert, Feanwâlden en op It Hearrenfean.