Dokkum bringt oantinken oan 'ûnbekende' âlde fermanjes werom

Yn de ôfrûne pear jier hat Stichting Oud Dockum de lokaasjes fan twa 'ûnbekende' menistetsjerken yn de stêd weromfûn. Om de skiednis sichtber te meitsjen is in spesjaal stek by in steech oan de Waagstraat pleatst.
Boppe de steech © Bote Sape Schoorstra
It die bliken dat de saneamde Vermaanhuissteeg tagong joech ta in menistetsjerke. Dat wie in skûltsjerke, ek wol in fermanje neamd.
It wie al bekend dat Dokkum twa fermanjes hân hat, oan de Oudemanssteeg en oan de Legeweg. Mar troch Reinder Tolsma kaam yn de grûnpachten fan it weeshûs fan Dokkum ynienen noch in fermanje tsjin.
De steech © Stichting Oud Dockum
Der waard yn 1619 skreaun: 'als synde nu een ministe kercke'. Yn 1663 kaam it werom as 'de steeg van het Mennonijten Vermaanhuis' en yn 1667 as 'het Vermaanhuis van de Waterlandse Minnonijten.' In notysje út 1714 liet de lokaasje sjen: in plak yn de Lange Oosterstraak, te berikken fia in steech oan de Waagstraat.

17e-iuwske fermanje

De fermanje wie fan de saneamde 'Waterlandse' streaming binnen de menisten. De fermanje bleau oant 1680 yn gebrûk. Mar dêr bleau it net by: Piet de Haan ûntduts mei ûndersyk sels in fjirde fermanje oan de Koningsstraat, skean efter de hjoeddeiske tsjerke oan de Legeweg.
In ynformaasjeboerd by de steech © Stichting Oud Dockum
Mei de ûntdekkingen docht bliken dat Dokkum bysûnder tolerant wie foar oare religieuze uteringen. Der wiene menisten, remonstranten en katoliken dy't yn Dokkum har gong gean mochten. Yn it gefal fan de menisten waarden de tsjerken wol faak efterôf boud. Sy liken op in hûs of pakhûs, sûnder toer en klokken.

Spesjaal stek

Om de skiednis sichtber te meitsjen, is der in spesjaal stekwurk ûntwurpen en pleatst oan de Waagstraat. De steech is priveeterrein, mar mei it stek kin dochs wat fan it ferhaal ferteld wurde.
Jan Buwalda fan Stichting Oud Dockum hat him dêrfoar ynset en it stek is offisjeel iepene troch wethâlder Fedde Breeuwsma.