Lêste thúswedstriid foar sealfuotbalsters Drachtster Boys

Noch ien kear skitterje yn eigen hûs, dat is de bedoeling fan de sealfuotbalsters fan de Drachtster Boys. Nei alve jier lûke se har werom út de earedivyzje.
Jessie Prijs (Drachtster Boys) by in eardere wedstriid © Orange Pictures
Foar de klup wie it net mear mooglik om in team gear te stallen dat kompetityf meidwaan koe, seit trainer Symen Abe Hoekstra.
"Mei de trainingen op woansdei komme der soms mar sân spylsters, no, dan kinst net iens fiif tsjin fiif spylje. Dan hâldt it gau op."
It is in breder ferhaal, dat by mear klups spilet. "Ik tink dat corona dêr yn meispile hat. Dan binne der spylsters dy't nei oare dingen sjogge, as je neat kinne. Der is ien yn ferwachting, ien hat de krúsbân skuord, in oar sit yn it bûtenlân foar stúdzje en in lêste hat in berntsje krigen en is opholden. Dan misse je al fjouwer spylsters. Uteinlik brekt it je gewoan op."

Amsterdam

De lêste thúswedstriid is freedtejûn tsjin de nûmer 3 út de kompetysje, Os Lusitanos út Amsterdam. Dêrnei binne der noch twa wedstriden. Dat binne beide útwedstriden: De derby tsjin Libertas út Damwâld (15 april) en de slotwedstriid tsjin ZVG Cagemax út Gorinchem (22 april).
Trainer Symen Abe Hoekstra fan de Drachtster Boys
Yn teory soe it kinne dat der letter noch in thúswedstriid komt, mar dan moatte de froulju de neikompetysje helje. Yn de trije lêste wedstriden moatte se dan twa punten mear helje as de direkte tsjinstanner. "Mar wy steane net foar neat op plak fiif. It giet net sa maklik mear om dy oerwinningen binnen te slepen."

Hoop op folle tribune

Trainer Hoekstra hâldt der sels ek mei op. "Ik haw it sân jier dien, dat is al in hiel skoft. Foar my is it in wedstriid, ik sjoch it net as in lêste. Wy geane der noch wol fol foar. Mar de sponsoaren binne wol útnûge en wy hoopje dat der in folle tribune sit. Je witte it neat, sa steane wy der ek yn."

Kampioen

Sûnt de start fan de earedivyzje foar froulju yn 2011 wie Drachtster Boys der al by. It hichtepunt foar de klup wie it lânskampioenskip en de bekerwinst yn 2017.
De spylsters dy't by de klup bliuwe, komme takom seizoen út yn de Noardlike Haadklasse. Drachtster Boys slút net út dat se op termyn wer yn de earedivyzje weromkomme. "Drachtster Boys bliuwt wol bestean, mar it sil foarearst net mear op it heechste nivo wêze."